Trije Fryske kulturele organisaasjes, Tresoar, Afûk en Stichting Uitzonderlijke Producties (UP), hawwe mei-inoar it inisjatyf nommen om nij wurk fan de Fryske skriuwster Aggie van der Meer (93) út Boalsert út te bringen yn in bondel gedichten en ferhalen, ûnder de titel: 'UTSICHT'. Komponist Hoite Pruiksma makke op basis fan dy teksten ferskate komposysjes en hat se mei it koar CAPELLA FRISIAE en ferskate oare muzikanten gearstald op in cd dy't yn dizze bondel opnommen is.
Sneon 16 july 2022 om 20.00 oere wurdt de nije bondel mei cd presintearre yn de Martinitsjerke yn Boalsert. It belooft in muzikale jûn te wurden dêr'tst genietsje kinst fan de komposysjes yn in spesjaal konsert.
Kaarten foar de konsertjûn binne no te keap fia dizze link: https://bit.ly/35EjwxW