Tsead Bruinja, de man dy’t ‘Dichter des Vaderlands’ west hat, hat 101 gedichten út it Keninkryk fan 1945 oant no gearstald yn ‘De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie’.

Wy sille yn petear mei Tsead oer it wêrom fan it boek, mei in seleksje fan de Fryske bydragen dy’t yn it boek steane. Ek binne de stimmen fan Fryske dichterskanonnen lykas Tiny Mulder en Tsjêbbe Hettinga te hearren. De presintaasje is yn hannen fan Doete Stenekes.
Der sille gedichten nei foarren brocht wurde troch Johan Veenstra. Gedichten fan oaren, lykas Albertina Soepboer, Eppie Dam, Titia Lont, Albert Tilma en Jo Smit wurde troch oaren op in ferrassende manier nei foarren brocht.
 
De muzyk wurdt dizze middei fersoarge troch Hiske Oosterwijk, dy’t teksten fan Gysbert Japicx op muzyk set hat.
 
Oanmelde?
Yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken yn Kafee De Gouden Leeuw is reservearje ferplichte. Kinst dy hjir oanmelde.
 
Lokaasje
Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar
Bûterhoeke 1 - Ljouwert
29 jannewaris
15.00 oant 17.00 oere