Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, part ien. Troch Pieter de Groot. Foto: Kabaretselskip ‘De Spinnekop’ yn 1959 mei Roel Oostra en Akke en Jan Radsma. (Foto Piet Bergsma).

In fedette sûnder kapsoanes

Akke Radsma wie yn de jierren nei de oarloch in begryp yn Fryslân. Doe’t der amper noch telefyzje wie en Fryslân foar wat it Frysk oanbelange, oanwiisd wie op in oerke yn de foarjûn op ’e radio, seagen in protte minsken út nei har wyklikse praatsje Oer de hage. Harksifers bestiene doe noch net, mar it Buro Kulturele Saken, ûnderbrocht by de Fryske Kultuerried, hie ein jierren fyftich oan in breed ferskaat oan harkers lykas ‘húsfroulju, boeren en stoffearders’ frege om deiboeken by te hâlden oer de ûnderskate ûnderwerpen, dy’t yn dy útstjoeringen – doe allegear noch út de RONO-studio yn Grins wei – oan ’e oarder kamen. Oer de hage wie de favoryt en net allinne by de âlderein. In ûnderwizer fan 28 jier út De Hommerts skreau: ‘It wie wer moai. Dêr siet suver spanning yn.’ De praatsjes wiene skreaun troch Paulus Akkerman, mar Akke Radsma fertelde se sa libbensecht dat de minsken leauden dat it oer har eigen húshâlding gong, har man Jan Radsma waard der dan de oare deis oer oansprutsen.

Ja, se wie bekend ûnder de namme fan har man, sels wie se Akke Cornelia Douma, berne op 25 maart 1922 oan de Langebuorren te Stiens as iennichst bern fan Douwe Douwes Douma en Ytsje Joekema. Har âlden hiene in galanterywinkel, Douma’s Bazar. Dat wie in drok bestean en it lei yn ’e reden dat Akke sa gau’t se thúskaam fan skoalle meihelpe moast. As iennichste ûntspanning wie der foar har âlden it toanielspyljen, se spilen by de Rederikerskeamer Halbertsma, dy’t geregeld frege waard op jûnen fan it Bûn foar Steatspinsjonearring. Akke krige it mei de brijleppel ynjûn: ‘Ik bin der yn opgroeid en ha ek nea oars wollen. Minsken neidwaan, op de planken stean. Trochleare wie neat foar my. Ik haw húshâldskoalle, de puddingakademy, mear net. En dat koe my ek net folle skele. Guon froulju kinne sa goed hantwurkje, hiel knap, mar ik fyn it ôfgryslik, dat gepiel.’

Stiens hie in bloeiend ferieningslibben, der wie kar-út: de toanielferiening Halbertsma, de sjongferiening Frisia Cantat, de gymnastykferiening Friso, it korps Studio. Har earste roltsje wie travesty, se moast as santjinjierrige in jonge spylje yn it stik De privé-ferpleechster. Dêrnei krige se  de rol fan in hiel âld wyfke, Antsje-muoi, yn Oermacht fan Yme Schuitmaker. Dat wiene dus fuort al twa utersten.

By Halbertsma kaam se yn ’e kunde mei Lammert Popma (1891-1971), de grutte toanielman út dy dagen dy’t ek it kritetoaniel yn Drachten regissearre. Doe’t se nei har trouwen mei Jan Radsma yn 1947 yn Drachten kaam te wenjen, frege er har fuortendalik. Ek skikte er har al gau in rol ta yn syn Nije Toanielgroep, dy’t yn 1950 it stik De Hogerhuis-saek fan D. A. Tamminga op ’e planken brocht. Se spile ek yn Dzjenghis, Tamminga’s oersetting fan in stik fan Slauerhoff oer de Mongoalske hearsker Dzjenghis Kahn, dat op 5 novimber 1950 opfierd waard by de iepening fan de Fryske Boekewike. Tamminga spile de rol fan Dzjenghis, Akke syn suster Aghm. 

Har man Jan wie in Bilkert, berne op 24 septimber 1919 yn Aldebiltsyl. Hy waard arsjitekt, mar mei genôch frije tiid om ek oan it toaniel en kabaret ferslingere te reitsjen. Mei troch Akke, oan wa’t er him op earste krystdei 1941 fersein hie, waard er ridlik gau Frysktalich. De earste fjouwer jier fan har trouwen wennen se yn Drachten op in wenarke. Nei’t Jan yn tsjinst kommen wie by de gemeente Opsterlân, ferfearen se yn 1962 nei Beetstersweach. Nei tsien jier yn de Hoofdstraat setten se har nei wenjen yn in nij, troch Jan ûntwurpen hûs oan de strjitte It Merkelân. Bern krigen se net en dêr wie Akke hiel nochteren ûnder: ‘Jan en ik hiene deselde hobby’s. Wy wiene altyd op ’en paad. Dat it koe net en it is der net fan kaam.'

berte advertinsje Akke Radsma

De Spinnekop

Altyd op ’en paad. Dêr wie foargoed sprake fan yn de jierren dat se beiden diel útmakken fan it kabaret De Spinnekop fan Roel Oostra. Dat kabaret kaam fuort út de revus dy’t Oostra sûnt 1951 alle jierren skreau foar syn korps De Harmonie. Nei trije Frysktalige revus, De Harmonie fart troch de wrâld, Rhapsody yn Scherzo en Der sit muzyk yn, wiene se it der oer iens dat it skande wêze soe dat guon teksten al nei ien kear wei waarden. Dat yn 1956 rjochte Oostra, doe noch banketbakker fan syn fak, it selskip De Spinnekop op. As logo fungearre de mole fan dy namme, mei dit ferskil dat Roel de roeden ferkeard-om tekene hie, ‘dwers tsjin ’e trie yn’. En dat wie De Spinnekop dan ek geregeld, net allinne mei koartswyl, mar út en troch ek mei aktuele satire dy’t stof ta tinken joech, lykas fuort al yn it earste  programma Rommeldebom, dat mei gûlende sirenes, konsintraasjekampen en atoombomrampen de toan sette.

Foar it Fryske publyk wie dat earst wol wennen: wylst it suksesfolste selskip fan dy jierren, Tetman en Jarich, de ûnderwerpen meast socht yn it ferline, gong De Spinnekop de politike aktualiteit net út ’e wei. Mar it publyk wie gau ‘om’, mei Jan en Akke Radsma op ’e planken koene de minsken de satire ferneare. De fêste kearn bestie fierder út Marie Dykstra en Jan de Vrieze, dy’t doe al oer de sechstich wie. ‘Dy man koe alles, dat wie fantastysk’. Roel Oostra skreau har de teksten op it liif en Lien Eijzenga, de pianiste, sette se op muzyk.

Yn har twadde program Kike, kike, lôke, sjoch (de titel wie ûntliend oan Gysbert Japicx) wie it ‘de minske, dy’t ûnmeilydsum op it harspit nommen waard yn noris in sankje, dan wer in foardracht, niis in skets, strak in parody’, skreau resinsint S. J. van der Molen yn de Ljouwerter. Se hawwe it krapoan hûndert kear spile, hieltyd foar útferkochte sealen yn de provinsje en foar de kriten om utens. Dêrnei folge Merkegasten, dêr’t se hast 150 kear mei op en út west hawwe: twa oant trije kear yn ’e wike, soms noch faker, want se hiene in bus oanskaft en dat jild moast weromfertsjinne wurde.

De middeis om fiif oere wachte it buske al foar har hûs yn de Hoofdstraat op ’e Sweach, oant Jan fan syn wurk kaam. Dan wie it hurry-up, want de spilers moasten mei alles rêde, it dekor opbouwe, it ljocht en lûd beregelje, ja, ‘eins kinne wy dit allinne mar dwaan om’t wy gjin bern hawwe’ sei Akke, mar it waard Jan op ’en doer dochs te bannich, dat doe binne se der tegearre mei ophâlden. Roel Oostra hat sûnder har noch ien programma makke, Eefkes krantsje, mei Riek Landman en Jeltsje Das. Doe wie it dien. Ek Oostra krige it te drok, hy waard yn 1962 direkteur fan de nije skouboarch De Lawei.

Meikoarten part twa.