Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, part twa. Troch Pieter de Groot. Foto: Oer de hage, foto: Muziekweb.

Oer de hage

It wie op de Spinnekop-premiêre fan Kike, kike, lôke, sjoch op 25 septimber 1957 yn seal Phoenix te Drachten dat Jo Smit, destiids direkteur fan de Regionale Omroep Noord en Oost, op Akke tastapte mei in foarstel: ‘Wy wolle Paulus Akkerman alle wiken wat skriuwe litte en jo moatte dat foar de mikrofoan bringe. Soene jo dat dwaan wolle?’  ‘No’, andere Akke beret, ‘alle wiken sil net gean, want wy moatte geregeld fuort te spyljen.’ Dat wie gjin probleem, dan namen se wol fiif ferhaaltsjes yn ien kear op. Akke: ‘No, doe ha ’k ris fiif dien. Mar doe kamen der wer fiif en wer… Ik sei, hoe lang moat dit? No, gewoan sa lang as jo wolle, sei Jo Smit.’

Dy praatsjes Oer de hage waarden alle tiisdeis útstjoerd en wiene troch Akkes foardrachtskeunst yn in omsjoch populêr. Minsken sochten har nei in foarstelling fan De Spinnekop efter de kûlissen op en fregen oft se dy Akke Radsma fan de radio wie. Nei santich ‘hagepreken’  wie se fan doel en hâld dermei op,  mar de RONO krige safolle fanmail dat se har oerhellen om troch te gean, Paulus Akkerman hie stof genôch: ‘Dat doe ha wy de hûndert folmakke.’  Yn april 1960 wie de lêste útstjoering. Dêrnei hawwe se it noch besocht mei in nije rige, Efter de toanbank. Dat wie gjin sukses: ‘Dat kaam om’t ik doe klanten yn ’e winkel krige en hieltyd in oare stim meitsje moast. Dat foel ôf. De hage wie in húshâlding, dêr wiene de minsken fertroud mei.’ Dat gong sa fier, dat der nei jierren noch lju wiene dy’t har man Piter neamden.

De Spinnekop en Oer de hage smieten har safolle smoute ferhalen op dat se mei hieltyd wikseljend repertoire te foardragen gong, de provinsje yn. Ek Tiny Mulder en Jo Smit (de staveringsballade!) leveren har materiaal, dêr’t se eare mei ynlei by frouljusferienings en bejaardesoazen. In tal ‘hagepreken’  is letter op ’e plaat set, yn 1969 troch de útjouwerij Fan Fryske Groun (fjouwer ferhalen, ôfwiksele troch lietsjes fan it mingd koar fan Beetstersweach)  en yn 1983 troch de Ljouwerter Krante yn de saneamde Bijke Rige (seis ferhalen op in elpee én op in kassettebantsje). 

Akke 1 1

Sweachster iepenloftspul

Doe’t Akke en Jan nei Beetstersweach ferhuzen, foelen se as toanielminsken mei de noas yn ’e bûter. De Kulturele Ried fan Opsterlân organisearre alle jierren in iepenloftspul, dat opfierd waard op it terrein fan de Cornelia Stifting (no Lyndensteyn). Dêrfoar waard in stik út it wrâldrepertoire keazen, dat Freark Dam yn it Frysk oersette. De Kulturele Ried hierde beropsminsken yn om de amateurspilers nei in heger nivo te bringen. Fan Carel Poons krigen se bewegingsles, Gerrit Visser joech spraakles en Joop Sprock die al it oare. Akke en Jan hawwe beiden gjin jier mist. It iene stik wie noch moaier as it oare, mar soms ek dreger om te spyljen. In kar: Brand fan Henrik Ibsen, Kristus wurdt jitris krusige fan Nikos Kazantzakis, In minske sûnder wryt of slyt fan Bertolt Brecht, en de stikken fan Friedrich Dürrenmatt: De ingel fan Babylon, De greate keizer (Romulus) en Op ien betingst. Yn lêstneamd stik (oarspronklike titel Der Besuch der alten Dame) skittere se as de âlde, smoarrike dame.

It lei yn ’e reden dat de moaie, meast grutte rollen foar har wiene. Se libbe har altyd bot yn in rol yn, it waard Jan wolris te bot: ‘Moatst net raarder dwaan, want sa kinne wy der net fan sliepe.’

De bêste oantinkens bewarre se oan Brechts In minske sûnder wryt of slyt (oarspronklike titel Der Gute Mensch von Sezuan). Dat wie foar it publyk wol in lange sit: fan healwei njoggenen oant healwei ienen. ‘Dat kaam, om’t de regisseur dy’t wy doe hiene, Janitschek, in learaar út Emmen, alles krekt sa ha woe as Brecht it skreaun hie, mei balladen der tusken troch. Dat wie in hiele opjefte, mar wol in prachtige ûnderfining.’ De Radsma’s krigen rûnom lof taswaaid, ek yn de lannelike parse. Ber Hulsing skreau yn De Waarheid: ‘We zagen een gespannen, ingeleefde lieve Sen Te en boze Shui Ta van mevrouw A. Radsma-Douma, die de ingehouden, vertellende stijl van Brecht van nature scheen te hebben, en bijna vier uren achtereen de tegenstrijdige gevoelens en gedachten duidelijk en mooi overbracht. We zagen haar man, J. Radsma, meer uiterlijk dramatisch, maar ook sterk, als de piloot.’

Doe’t de Cornelia Stifting de grûn nedich hie foar útwreiding, wie it dien mei de Sweachster iepenloftspullen.

Akke 3 1

Foto's: yn de fyftiger jierren skreau Roel Oostra revu's dy't opfierd waarden yn Drachten, Akke Radsma spile mei. It stik fan Pieter de Groot slacht net op dy revu's, mar de foto's jouwe wol in moai byld. Foto's: argyf Annet van der Hoek.

Meikoarten part trije. Lês part ien hjir werom.