Befrijing yn de Fryske literatuer

De lêste bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, troch Wilken Engelbrecht fan de Palacký University yn Tsjechië. 

Inleiding
Friesland en Tsjechië liggen een flink eind van elkaar in verschillende delen van Europa. Beide gebieden werden tijdens de Tweede Wereldoorlog door Nazi-Duitsland bezet. In beide was er actief verzet, er waren evengoed actieve collaborateurs en de meerderheid van de bevolking trachtte in beide gevallen gewoon te overleven. Tsjechië werd op 15 maart 1939 bezet en veranderd in wat cynisch het Protektorat Böhmen und Mähren werd genoemd. Protectoraten had je destijds in koloniale gebieden, de term gaf dus precies aan wat de Duitsers met Tsjechië van plan waren. Toch waren er redelijk wat meelopers.

Lês mear...

Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, troch Bouke Slofstra.

De Fryske skriuwerij beweecht him yn in meartalige kontekst, lykas de Fryske taal sels. It paradoksale dêrfan is dat dy meartaligens him likegoed yn ’e kontekst fan de Fryske skriuwerij beweecht. In skriuwer kin in oarstalich personaazje wol of net yn syn eigen taal sitearje, en dat kin er op ferskate wizen dwaan. Dêrmei kin de skriuwer in bepaald effekt berikke, of net. Dat personaazje kin op ferskate wizen typearre wurde, mei of sûnder apart taaltsje.

Lês mear...

Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, troch Elske Schotanus.

Daliks nei de oarloch waard Efter it tried út, Kampsketsen út Amersfoort publisearre ûnder de namme Häftling 10039, it kampnûmer fan skriuwer en túnker Reimer van Tuinen. Febrewaris 2021 ferskynt de werútjefte by Utjouwerij Louise / Eddy van der Noord, foarsjoen fan in ynlieding troch Elske Schotanus. 

Lês mear...

Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, troch Abe de Vries.

Nei 1900 wurdt Fryske skriuwerij in folle yngewikkelder saak. De agraryske krisistiden binne foarby en mei it ekonomysk oplibjen fan de middenstân op it plattelân kriget ek de Fryske taal de wyn wer yn ’e seilen. Mar yntusken wurdt yn de algemiene ferboargerliking de skieding tusken Frysktalige keunst en entertainment hieltyd skerper lutsen. Dat is bygelyks sichtber yn it útinoar gean fan literatuer en kabaret nei de dea fan Meindert Rozenga yn 1901; mear as ien kommentator yn kranten en oare blêden warskôget dêrnei foar it ôfsakjende nivo fan de teksten fan it saneamde Twadde Winterjounenocht

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed de lêste kear: De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma.

Lês mear...

De rige artikels fan Jan Ybema wurdt ûnderbrutsen troch in oare bydrage yn it dossier. Janette Bosma, research masterstudint Nederlânske literatuer en kultuer út Utrecht, rûn fan augustus oant en mei novimber staazje by Tresoar. In part fan har ûndersyk presintearret se yn in lêzing.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal.

Lês mear...

Hjoed in spesjale bydrage yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. It Frysk Film Argyf hat in kompilaasje oan bylden makke oer de Nederlânske oanwêzichheid yn wat doe Nederlânsk-Ynje wie en no Yndonesië is. Jan Ybema hat op dit stuit in rige artikels oer boeken dêr't Yndonesië in rol yn spilet. Mei dit filmmateriaal besjogge wy it ûnderwerp fan in oare hoeke.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma.

Lês mear...

De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Lês mear...