De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.
Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.
De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.