Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma.

Yn Haisma syn teksten ‘trillet altyd wat fan ‘e spanning tusken ‘thús’ en ‘om fierrens’’, skriuwt Klaes Dykstra yn it Lyts Hânboek fan de Fryske literatuer. ‘Yn Yndië fan langstme nei hûs, fan rêstleaze ûngeduerigens yn Fryslân (…)’. Dat jildt foar de figuer fan Peke Donia likegoed as foar Nyckle Haisma (1907-1943) sels.

Dat Haisma ferskate kearen nei Yndië teach, wie net beslist út in langstme nei frijheid – om op dat kearnbegryp werom te kommen. De earste kear wie er gien om’t it in betingst wie by syn stúdzjebeurs foar ûnderwizershaadakte. Yn Medan op Sumatra krige er in oanstelling. Werom yn Fryslân hat er in baan socht yn it heitelân, mar doe’t er dy net krije koe, gie er ‘tsjin syn sin wer op reis’, skreau er, om yn Yndië foar de klasse. Mar ‘de ballingskip moat net altyd dûrje’, fûn er. De romantyske swalker dy’t it nearne rjocht fine koe, miende dat er úteinlik dochs yn Fryslân thúshearre moatte soe.

Ek syn haadfiguer Peke Donia yn Paed oer 't hiem (1937) en Paed nei eigen hoarnleger (1940) komt nei twa Yndiëreizen ta it besef dat de wiere frijheid net leit yn swalkjen, mar yn in eigen stee yn ’e eigen omkriten. As er besletten hat om yn Fryslân in pleatske te bebuorkjen, giet it: ‘In wûnder rûm gefoel hat Peke, as er dwers tsjin ’e hurde wyn yn, de kant útfytst nei Earnewâld. Frij. Frijdom is in nuver ding. Wûndermoai, as men der net tefolle fan hat en it goed brûkt’, lit er Peke tinke.

Sjoch hoe’t de ‘hurde wyn’ kontrastearret mei it tropyske Yndië sûnder it te neamen. It romme en frije gefoel kriget Peke krekt as er him wer bynt oan Fryslân, oan in fêst en fertroud honk, want frijheid is moai ‘as men der net tefolle fan hat’ (side 298). Yndië as ballingskip, Fryslân as frijheid.

Hoewol’t it boek bytiden net frij is fan in poarsje romantyske fernweh, spilet it ferhaal him suver folslein yn Fryslân ôf. It is hielendal út it Fryske perspektyf weiskreaun fan de doarmer dy’t wer thúskomt. Yndië is yn feite net mear as in achtergrûndekor dat tekening jout oan de haadfiguer. Yndividuele Yndonesiërs spylje gjin rol fan betsjutting, likemin as it Yndonesyske nasjonalisme dat yn Haisma syn jierren al wat yn opkomst wie.

Wat de begripen frijheid en befrijing oangiet: yn dy termen tinkt Peke Donia net oer Yndië. Nearne wurdt yn it boek de ûngelikense, koloniale ferhâlding tusken Nederlân en dy grutte eilanne-archipel oersee as probleem steld. ‘De roman wjerspegelet sa de koloniale apartheid dy’t oan it begjin fan de tweintichste iuw opkaam, mei gongbere, stereotype beskriuwingen fan Yndiërs’, lêze wy yn Finster 14, ‘Koloniale literatuer’, yn de koarte literatuerskiednis Salang’t de beam bloeit.

It falt op dat Haisma allegeduerigen in skerp kontrast sketst tusken de westerske en de easterske belibbingswrâld. As Peke syn soantsje Teda, dat er mei in Yndonesyske frou krigen hat, nei Fryslân oerkomt, tjirmet de jonge mar om en kin er it yn it kille klimaat net bankje. ,,Foar my is ’t allegear frjemd”, seit er, ,,en ik wen der ek nea. Alles mei-inoar makket my siik” (side 388). It is net te bedjipjen wat er yn him omgiet, mient Peke. ,,Dat is de Easterske geast yn him en dy trochgrûnje wy Westerlingen net” (side 284).

Oan ’e ein fan it boek, as Teda werom nei Yndië fart, fynt Peke nettsjinsteande it ôfskied dochs wat fan fermoedsoening: ‘Unwis is it libben, wiid it wetter. Ien loft oerspant beide, East en West, ien sinne beskynt, ien Leafde ferbynt beide’ (side 411).

Mar dochs: Peke en syn soan sykje har frijheid elk oan in oare kant fan ’e ierde, elk yn it lân dêr’t se berne binne. Dat Teda dêrta yn it takomstige Yndonesië noch in swier polityk en militêr gefjocht meimeitsje moat, dat foarsjocht Peke dan noch likemin as Nyckle Haisma sels.

De kommende perioade mear artikels fan Jan Ybema oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. De artikels hiene oars ûnderdiel west fan in lêzing dy't Ybema jûn hawwe soe op de Dei fan de Fryske letterkunde. Dy Dei is no folslein digitaal op Sirkwy yn de moannen novimber en desimber.

De oare artikels:
-
It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg
-
Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma
-
De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal
-
As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma
-
Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra
-
De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra


Brievekaart fan Nyckle Haisma út Medan oan Jelle Hindriks Brouwer. Foto: kolleksje Tresoar.