Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg.
Ynje wie foar de measte Friezen in ûnbekende wrâld fier fuort. Mar it wie in erfaring tichtby – it meimeitsjen fan de Befrijing yn 1945 – dy’t mei bepaalde hoe’t Friezen tochten oer de ynset fan it leger doe’t Ynje har fan Nederlân losmeitsje woe.
Dat jildt yn alle gefallen foar Sjoerd, in personaazje yn Durk van der Ploeg syn roman It lekken oer de spegel (1995), dat yn feite oer it ferset en de Befrijing yn Nederlân giet. Mar Sjoerd hat him nei de oarloch opjûn as frijwilliger om nei Ynje ta. Hy socht dêryn wer dat heldhaftige gefoel fan in befrijer te wêzen, lykas de mannen dy’t yn ’45 Fryslân befrijden, mei har kreaze overals, har kistjes en kaugom. Yn in brief oan syn broer skriuwt er, tebeksjend op dy aprildagen fan ’45 en wat dy mei him diene:
Jonges en famkes rûnen yn dy dagen mei militêre baretten. […] De jonges fielden har as befrijers, en sa rûnen se ek troch de stêd. Dat heldhaftige gefoel, it striele op ús allegear ôf. Dêrom wie der yn de earste tiid nei de oarloch ek safolle belangstelling om nei Ynje stjoerd te wurden.
Ik wit hoe’t it mysels gien is. Yn septimber ’45 bin ik as ien fan de earste oarlochsfrijwilligers nei Ynje gien. Dy rol fan befrijer wie ynienen ek foar ús weilein, al begriepen wy gjin bliksem fan de politike eftergrûnen, […].
Mei de moffen wie elk ôfkearich wurden fan soldaterij, mar mei de befrijing, it wie de grutste eare om yn in pakje fan de alliearden of yn in blauwe overal fan de NBS te rinnen. […] Guon skoaljonges krigen kistjes fan ’e soldaten en rûnen dêryn lykas de Kanadezen en de Amerikanen rûnen. Wy krigen kaugom fan ’e soldaten […].
In protte woene doe foar helden fersliten wurde en apen de helden nei. Wy allegear libben ús yn yn dy rol, lykas guon noch hawwe dy’t út ’e bioskoop komme en har yn ’e rol fan ’e held ynlibje.
(Durk van der Ploeg, It lekken oer de spegel, side 102).
Van der Ploeg lit Sjoerd syn eigen opfetting net djipper analysearje. Dat de Yndonesiërs de Nederlanners net as befrijers sjen soene, lykas hy de Kanadezen, mar as besetters, lykas hy de Dútsers – dêr reflektearret Sjoerd net fierder op.
Mar it brief as sadanich lit him suver al lêze as in ferûntskuldiging, as it efterôf tajaan fan in ferkearde ynskatting. Dat blykt it sterkst út de ferliking dy’t Sjoerd yn dy lêste sin makket: jin ynlibje yn in helderol as guon dy’t har meislepe litten ha troch in spannende bioskoopfilm – in fiksje.
De kommende perioade mear artikels fan Jan Ybema oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Nije wike: Hwat west hat fan Riemer Riemersma. De artikels hiene oars ûnderdiel west fan in lêzing dy't Ybema jûn hawwe soe op de Dei fan de Fryske letterkunde. Dy Dei is no folslein digitaal op Sirkwy yn de moannen novimber en desimber.
De oare artikels:
- Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma
- Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma
- De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal
- As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma
- Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra
- De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra
Foto fan de skriuwer, makke yn 1995, it jier dat It lekken oer de spegel útkaam. Foto: Harry de Wilde (Drachten), kolleksje Tresoar.