Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal.

‘Hast fyftich jier lang hat er itjinge dat bard is foar in oar en himsels ôfsletten. En no hat er it noch mar krekt wer yn syn tinzen talitten. Se sil it miskien al in kear witte moatte. Mar no noch net. Hy is der sels noch net iens út.’

It bysûndere fan De muorre (2001), it debútboek fan Anders M. Rozendal, is dat it de earste Frysktalige fiksje liket te wêzen dêr’t it tema fan it Yndiëtrauma oan bod komt.

De notiid yn it boek spilet him fier nei de Yndonesyske Unôfhinklikheidsoarloch ôf. Minne en de frou binne tsjûge fan in moard en wurde dêrom gizele. Dat bringt by Minne oantinkens nei boppen oan syn tsjinsttiid yn Yndië. Hy hat lêst fan in skuldgefoel oer de dea fan syn maat Freddy dêre.

Yn flashbacks fernimme wy hoe’t Minne yn Yndië bedarre, hoe’t de oarloch him skeind hat en hoe’t er ompankoeket mei syn skuldgefoel.

Rozendal Anders

Anders M. Rozendal yn 2004.

Rebellen of frijheidsstriders
Rozendal sketst de jonge Minne as in trochsneed figuer út syn kristlike en gesachstrouwe miljeu. Syn oerwagings oer Yndië komme ús bekend foar út de mûnlinge skiednissen oer dy tiid: hy hie wol sin hân oan it aventoer, al soe er syn skarreltsje en it wurk as timmerfeint misse.

In protte aan fan wêr’t er yn bedarje soe, hie er net, mar ‘de foaroanmannen fan it regear soene wol witte wat it bêste wie.’ Fan de Nederlânske polityk yn Yndië hie er net folle ferstân. ‘By Minne thús wisten se dêr it measte net fan. Polityk waard net folle omtinken oan jûn. Se hiene wol wat oars te dwaan.’

Ut syn omjouwing kriget Minne wol mei dat Yndië no ienkear by Nederlân heart. ‘Ieuwenlang hat it ús Yndië west’, seit syn omke. ‘Dy hiele Soekarno is in grutte oproerling en in smoarge faksist. Opromje sok folk.’ Utsein dat Soekarno ornaris net foar faksist, mar foar kommunist holden waard, lit Rozendal dizze omke hjir ferwurdzje hoe’t it measte folk yn Nederlân der doe sa’n bytsje oer tocht.

Minne leaut it allegear wol, mar it begjint te skjirjen as Rozendal him yn Yndië yn ’e kunde komme lit mei Freddy, in kollega-soldaat dy’t it kommunisme oanhinget. Hy tinkt folslein oars oer it konflikt. ‘Wy wurde brûkt’, seit Freddy, ‘wy hearre hjir net. Wy moatte de minsken hjir har eigen bestjoer yn harren eigen lân net fergunne.’

Neffens Freddy bringe de soldaten hjir harsels yn gefaar om de ekonomyske belangen fan it Nederlânske grutkapitaal te beskermjen – de hannelsbedriuwen, plantaazjehâlders en sokken. Minne folget de redenaasje fan it regear: der moat earst oarder brocht wurde om in stadige útwreiding fan selsbestjoer mooglik te meitsjen binnen in Nederlânsk-Yndonesyske Uny. ‘De binden fan Soekarno, se doarsten harsels ek noch frijheidsstriders te neamen, moasten keard wurde.’

Yn Yndië lit Rozendal sawol ‘de ploppers’ as de Nederlanners aardich wat wreedheden begean. Oan beide kanten bliuwt fan idealisme en nobel stribjen net folle oer. Ymplisyt jout er kommunist Freddy gelyk dat it in ferkearde oarloch west hat – dochs net fanselssprekkend yn in boek dat by de KFFB útbrocht is.

Trauma
Nei de oarloch bout Minne de muorre om himsels hinne dêr’t de boektitel nei ferwiist. Syn trauma spilet op as er him ferliest yn drank, fjochterij en iensumens.

Literêr sjoen is De muorre gjin grut súkses, om’t de yntriizje wat fier socht en de psychology net oertsjûgjend is. De útwurking fan it tema Yndiëtrauma is ek te meager om der alhiel yn meinommen te wurden. It is likegoed Rozendal syn fertsjinste dat er as earste Fryske skriuwer besocht hat om it ferskynsel yn fiksje stal te jaan.

De kommende perioade mear artikels fan Jan Ybema oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Nije wike: As gong dêr in oar fan Leo Popma. De artikels hiene oars ûnderdiel west fan in lêzing dy't Ybema jûn hawwe soe op de Dei fan de Fryske letterkunde. Dy Dei is no folslein digitaal op Sirkwy yn de moannen novimber en desimber.

De oare artikels:
-
Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma
-
It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg
-
Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma
-
As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma
-
Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra
-
De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra

Utljochte Rozendal

Soldaten fan it Bataljon Fryslân yn aksje op Java, Yndonesië (1946). Foto: Bataljon Fryslân (Lex de Jong), kolleksje Tresoar.