De rige artikels fan Jan Ybema wurdt ûnderbrutsen troch in oare bydrage yn it dossier. Janette Bosma, research masterstudint Nederlânske literatuer en kultuer út Utrecht, rûn fan augustus oant en mei novimber staazje by Tresoar. In part fan har ûndersyk presintearret se yn in lêzing.
Foar har staazje hat Janette Bosma ûndersyk dien nei de kollums fan Lipkje Post-Beuckens, better bekend as Ypk fan der Fear. Under de namme Frou X publisearre sy yn de jierren nei de oarloch alle wiken in kollum yn it Frysk Deiblêd. Ut it ûndersyk komt ûnder oare nei foaren dat de befrijingstiid foar in soad froulju in momint wie om har rol yn de maatskippij ta diskusje te stellen. Hoe’t dat krekt foar Frou X jildt, fertelt Janette yn dit filmke. It makket diel út fan it dossier ‘Befrijing yn de Fryske literatuer’ op Sirkwy.frl, dat oanmakke is doe’t de Dei fan de Fryske letterkunde 2020 net trochgean koe.
Besjoch en beharkje de lêzing hjirre:
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.