Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma.
De Yndonesyske Unôfhinklikheid fan 1949 wie foar Nederlân noch lang net de lêste konfrontaasje mei in pynlik ferline. Molukkers dy’t yn it KNIL fochten hiene, kamen nei Nederlân en easken har rjocht op in eigen Súd-Molukse steat op.
Yn As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma is Max sa’n soan fan Ambonese ymmigranten yn Fryslân. It boek spilet mei ferskillende ferhaallinen dêr’t it hieltyd giet om it sykjen nei identiteit en de rol fan in taal en in thús dêrby.
By arsjitekt Johan komme op in fakânsje mei Mare yn Frankryk oantinkens boppe oan syn klasgenoatsje Max, ‘mei dy egaal brune hûd en dy spraak’ (side 31), dy’t oars rûkte en swart hier hie dat glânze fan de brillantine. Hy kipe der op skoalle wat út, safolle is drekt dúdlik. ‘De blanke neger’, waard er op it skoalplein neamd.
Syn heit hie KNIL-militêr west, loyaal oan Nederlân, lykas in protte oare Molukkers dy’t it net stean hiene op in sintraal Yndonesysk gesach. Foar harren betsjutte it nije Yndonesië gjin befrijing, mar sy seagen it as in nije besetting.
Mei de soevereiniteitsoerdracht yn 1949 wie ôfpraat dat de Molukken ûnder betingsten selsstannich wurde mochten, mar ienkear ûnôfhinklik, lei Yndonesië dêr gau it near op. Doe’t de RMS útroppen waard, de Republyk fan de Súd-Molukken, stjoerde Soekarno it leger nei Ambon om regaad te meitsjen.
Nederlân woe de fingers der net oan baarne en helle de Molukse KNIL’ers mei har famylje nei Nederlân foar wat in tydlik ferbliuw wurde moast. De Molukkers yn Nederlân holden de hope dat har eigen steat der komme soe, mar dêr is nea wat fan op ’e hispel kommen.
De grutte mearderheid fan de Molukkers yn Nederlân wie protestants, mar in lytse minderheid wie islamitysk. De islamityske Molukkers waarden yn 1954 opfongen yn Kamp Wyldemerk, yn Gaasterlân. Yn 1955 waard dêr in moskee boud, op dat stuit de twadde moskee yn Nederlân. Pas yn 1968 waard it kamp opheft. Foto: kolleksje Tresoar.
Ek Max hat fan hûs út de langstme meikrigen nei in eigen, frije Molukse steat. ‘De Nederlandse regering heeft het beloof, maar zij hooden ons aan het lijntje’, seit er mei syn Maleise aksint. Hy neamt Soekarno in diktator en in kommunist, krekt sa’t er troch de measte Nederlanners ek sjoen waard.
Max wol stride foar de RMS, ‘desnoods de gewapende strijd’. Mei de holle is er op ’e Molukken en op skoalle heart er der net hielendal by. Dat er mei syn uterlik en aksint útskolden wurdt foar apenút, ‘koffyboan’ en pindasinees makket it foar Max noch lestiger om him derby te jaan. It driuwt him fierder by syn kammeraten wei, de radikale kant op.
Jierren letter sit Johan yn de trein dy’t by De Punt kaapt wurdt troch in groep Molukkers. Max is ien fan de kapers. Hy hie syn frijheid befjochtsje wollen foar in Súd-Molukse steat, mar fûn de dea doe’t it leger úteinlik de trein ûntsette.
As gong dêr in oar draait benammen om it ferline fan Johan en Mare en om it trochwurkjen dêrfan yn har libben fan no, mar it liket ek de earste (en iennichste) Frysktalige roman te wêzen dêr’t de skiednis fan de Molukse Nederlanners yn ferwurke wurdt.
Max fljocht mei syn radikalisme út de bocht, mar foar syn wrakseling mei it oars-wêzen en syn syktocht nei syn woartels kweekt de skriuwer begryp, ek om’t Johan en Mare en de lokale Frânsen mei har fersuterjende minderheidstalen har dyselde fragen stelle oer har eigen woartels en identiteit – en oer wat dêrfan ferlern giet yn in globalisearjende wrâld.
De earste sin fan de roman jildt dan ek foar Max likegoed as foar de oare personaazjes: ‘Unwennigens is as in roppich bist dat yn it fjild omdwaalt, op frjemde hiemen om oanhâld skoait en wat te fretten’. Ja, yn it plot giet it mei As gong dêr in oar bytiden krekt te mâl, mar yn syn bespegelingen oer de identiteitsproblematyk fan lytse kultueren is dizze roman hjir en dêr bûtengewoan krêftich.
De kommende perioade mear artikels fan Jan Ybema oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Nije wike: Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra. De artikels hiene oars ûnderdiel west fan in lêzing dy't Ybema jûn hawwe soe op de Dei fan de Fryske letterkunde. Dy Dei is no folslein digitaal op Sirkwy yn de moannen novimber en desimber.
De oare artikels:
- Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma
- It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg
- Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma
- De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal
- Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra
- De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra
Portretfoto fan Leo Popma. Foto: Haye Bijlstra, Tresoar.