Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra.

Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra is it earste Frysktalige boek dat in oral history fertelt fan de erfaringen fan Yndiëgongers út Fryslân. It is ek de besegeling fan de maatskiplike tendins om kritysk werom te sjen op it Nederlânske hanneljen yn de Yndonesyske ûnôfhinklikheidsstriid.

Riemer Riemersma die dat feitliken yn 1965 al mei it hjir earder besprutsen boek Hwat west hat, in heal-en-heal roman en autobiografysk ferslach fan dy syn tiid as tsjinstplichtich militêr yn Yndië. Kaam dat boek neffens de tiidgeast wat te gau (of wie it gewoan net goed genôch), Speerstra wie mei syn mûnlinge skiednis presys op it goeie momint: op hege leeftyd, dus krekt op ’e tiid, krige er achttjin tachtichplussers op ’e praatstoel om te fertellen oer har Yndiëferline, dy miskien wol meast beskiedende jierren fan har libben – en yn guon gefallen diene se dat suver foar it earst.

Lykas It wrede paradys is Op klompen troch de dessa gjin roman, mar in bondeling libbensferhalen dy’t mei-inoar mear fertelle as de ôfsûnderlike biografyen. Se jouwe in byld fan in tiidrek en de maatskiplike krêften dy’t dêryn it hanneljen fan yndividuen mei bepaalden. It is non-fiksje dy’t yn syn ferheltechniken de literêre kant útskaait.

Speerstra slagget deryn syn feteranen iepenhertich fertelle te litten, wêrby’t allerhanne grouwélichheden net ferswijd wurde. Hy sketst de Yndiëgongers as jonges fan har tiid, foarme troch har miljeu wêryn’t de striid foar it behâld fan Yndië in fansselssprekkende saak fan nasjonaal belang wie.

Yn moai wat fan de ferhalen is dan ek (ymplisyt) it narratyf werom te kennen fan it yndividu as slachtoffer fan gruttere krêften – oerheid, tsjerke, politike en ekonomyske belangen, misynformaasje en propaganda – dy’t de ienfâldige plattelânsjonge oermânsk binne wêrtroch’t er yn oarlichssituaasjes bedarret dêr’t er nea om frege hie.

Krekt as men jin begjint ôf te freegjen oft Speerstra syn Yndiëgongers dêrmei net wat te min eigen ferantwurdlikheid takent – want hiene sy dochs net sjen moatten dat dy missy om Yndië te behâlden in misse set wie, tinkt men maklik weromsjend út 2020 – dan lit er twa tsjinstwegerders oan it wurd, waans ferhalen in moaie ferriking binne foar it palet oan Yndië-erfaringen yn it boek.

Op klompen troch de dessa 2014

Har slagge it dus wól om har te kearen tsjin de dominante politike en maatskiplike opfettings oer Yndië. Dat sy dêrby sels faak út in kommunistysk, anargistysk of kristlik-antymilitaristysk miljeu kamen dêr’t de striid om Yndië foar ferkeard holden waard, makke it foar harren fansels ek wer minder útwrydsk om sels tsjinst te wegerjen.

Speerstra lit de mannen oan it wurd sûnder te oardieljen en hy docht syn foardiel mei it ferstriken fan de tiid. Oars as earder wiene de feteranen der no oan ta om kritysker op it Nederlânske Yndiëferline te reflektearjen en soms ek op har eigen rol yn de militêre operaasjes. Guon binne achterôf ta it ynsjoch kommen dat dy hiele oarloch nea wêze moatten hie. Dêrmei slute se har oan by wat datoangeande yntusken al de oerhearskjende maatskiplike opiny wurden wie.

It ferstriken fan de tiid jout Speerstra ek de mooglikheid om yn te gean op de effekten fan it Yndiëferline op de fierdere libbens fan de feteranen. Yn it earder besprutsen boek De muorre fan Anders M. Rozendal kaam it Yndiëtrauma ek al nei foarren, mar yn Op klompen witte de spûken út it ferline de lêzer djipper te reitsjen.

,,Hâld op, aanst wurdst wer bang yn ’e sliep”, warskôge Ale van der Meer syn frou as hy wer op ’e tekst soe oer Yndië. Mar ek al kamen de dreamen werom, krekt as by de oare Yndiëgongers moasten de ferhalen derút, no’t it noch koe.

Krekt op tiid, want yntusken binne hast alle achttjin ynterviewde feteranen ferstoarn, fertelde Speerstra my okkerdeis. Dêrmei wurdt Op klompen troch de dessa in unike boarne fan oral history út in tiid dêr’t mei gauwens gjin feteraan mear sels oer fertelle kin.

Jan Ybema hat in rige artikels skreaun oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Nije wike de lêste kear: De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra. De artikels hiene oars ûnderdiel west fan in lêzing dy't Ybema jûn hawwe soe op de Dei fan de Fryske letterkunde. Dy Dei is no folslein digitaal op Sirkwy yn de moannen novimber en desimber.

De oare artikels:
-
Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma
-
It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg
-
Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma
-
De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal
-
As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma
-
De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra