Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed de lêste kear: De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra.
‘Ik wol witte wat it echte ferhaal wie, wat der eins bard is dêr yn Yndonezië’, ferklearret de ik-persoan oan it begjin fan De koma-korrektor (2018), fan Baukje Zijlstra.
Yn dizze roman dûkt Betty yn it Yndiëferline fan har heit Siemen, dy’t yn koma leit. Se wol achterhelje wêrom’t er him yn 1945 as frijwilliger melden hat om nei Yndië útstjoerd te wurden en wat er dêr meimakke hat.
De koma-korrektor kiest in oar fertelperspektyf as de eardere boeken oer it militêr yngripen yn Yndië. Foar it earst yn in Frysktalige roman sjogge wy it Yndiëferline yn De koma-korrektor benammen út it perspektyf fan de twadde generaasje wei, troch de eagen fan de dochter fan de Yndiëgonger.
Dat binne krityske eagen. Al yn it begjin ferwiist se nei berjochten en ûndersiken sûnt ein jierren sechstich oer misstannen en oarlochsmisdieden fan it Nederlânsk optreden yn Ynje. ‘Dat “wy” fan neat wisten, dat koe dus net wier wêze. It duorret faaks in skoft foardat we witte wolle wat der te witten falt, dat liket my wol oannimlik’ (side 14).
Hoe hie har heit him as frijwilliger melde kinnen, freget se har ôf. Se fynt in oantal redenen, dêr’t de kearnbegripen fan dizze rige, frijheid en befrijing, in wichtige rol by spylje:
Befrijing fan de Japanners
Yn brede lagen fan polityk en maatskippij hearske it idee dat Yndië yn 1945 befrijd wurde moast fan de Japanners, dy’t it yn ’e oarloch beset hiene. ‘No moat Indië noch frij’, skreau Hindrik Algra nei de oarloch yn it Friesch Dagblad (side 36). Sa’t Nederlân fan de nazys befrijd wie, sa moast Yndië fan de Japanners befrijd wurde. De Nederlânske soldaten soene yn Batavia ynhelle wurde as de Kanadezen yn Nederlân.
Leden fan de militêre plysje en de sekretaresse yn Tasikmalaja, in plak yn it súdeasten fan Java, dêr't ek Betty har heit en Jappy west ha. It Bataljon Friesland hat hjir in skoft stasjonearre west. Foto: kolleksje Tresoar.
Befrijing fan de kommunisten
Doe’t de Japanners yn augustus 1945 kapitulearren, ferfoel in wichtich argumint foar Nederlânsk militêr yngripen. Mar no waard it Yndonesyske nasjonalisme ûnder lieding fan Soekarno yn de Nederlânske byldfoarming ôfskildere as de fijân. It soene kommunisten wêze. ‘Sadwaande wie it nije doel fan ús missy al gau dúdlik: Yndië foarearst behâlde foar Nederlân en it folk beskermje tsjin de kommunisten’ (side 77), sa ferwurdet Betty heite gefoelens dêroer, want ‘it reade gefaar stie sa’n bytsje gelyk oan it op in akkoartsje goaie mei de duvel sels’.
Siemen syn eigen frijheid
Betty fynt ek mear prozayske redenen om jin as frijwilliger te melden. Siemen woe der wolris op út om in stik fan de wrâld te sjen en ‘as soldaat soe er wa wit wol mear fertsjinje as as arbeider’ (side 37), want by Siemen thús wie it earmoede, lykas doe it gefal wie yn protte húshâldings.
Oan ’e hân fan de ferhalen fan Jappy, in âld kammeraat fan har heit, dy’t as soldaat mei him yn Yndië west hat, komt Betty stadichoan mear te witten oer it oarlochsferline fan har heit. Dêrby sketst Zijlstra treflik de konfrontaasje tusken it hurde oardiel fan de twadde generaasje (‘dy oarloch wie fout’) en de dûbelsinnige gefoelens fan de mannen dy’t it sels meimakke ha: Jappy is foaral lêbich oer it maklike oardieljen troch minsken ‘dy’t dêr noch noait west ha, dy’t noch noait in oarloch meimakke ha’ (side 175). De polityk doogde miskien net, mar oer syn maten, de Yndiëgongers, wol er gjin ferkeard wurd hearre.
Foar de twadde generaasje is it Yndiëferline as it derop oankomt ûnberikber, liket Zijlstra sizze te wollen. Betty har broer siket yn Yndonesië nei spoaren fan heite ferline dêr. Hy fynt wat relikten fan de koloniale tiid dêr’t er him foar skammet, mar fierder: ‘De plakken dêr’t heit west hat, besteane net mear (…). De dingen dy’t heit meimakke hat, sitte earder yn syn holle ferskûle (…) as hjir yn it lânskip. Dit lânskip is (…) totaal ûnferskillich, it stiet sûnder sjêne prachtich te wêzen.’
Betty en har broer lykje persoanlik gjin tik meikrigen te hawwen fan har heite Yndiëferline, lykas bygelyks wol yn Indische duinen fan Adriaan van Dis. Dochs kinne wy stelle dat De koma-korrektor, mei de twadde generaasje as it sintrale perspektyf, de lêste stap set hat yn de literêre ferwurking fan it Fryske Yndiëferline.
Jan Ybema hat in rige artikels skreaun oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Dizze ôflevering wie de lêste. De artikels hiene oars ûnderdiel west fan in lêzing dy't Ybema jûn hawwe soe op de Dei fan de Fryske letterkunde. Dy Dei is no folslein digitaal op Sirkwy yn de moannen novimber en desimber, mar ek yn jannewaris 2021.
De oare artikels:
- Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma
- It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg
- Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma
- De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal
- As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma
- Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra
Portretfoto fan Baukje Zijlstra. Foto: Haye Bijlstra, Tresoar.