Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, troch Elske Schotanus.
Daliks nei de oarloch waard Efter it tried út, Kampsketsen út Amersfoort publisearre ûnder de namme Häftling 10039, it kampnûmer fan skriuwer en túnker Reimer van Tuinen. Febrewaris 2021 ferskynt de werútjefte by Utjouwerij Louise / Eddy van der Noord, foarsjoen fan in ynlieding troch Elske Schotanus.
‘Fan de nûmers en nammen yn dit boekje binne guon echt, oaren fingeard', sa ferklearret de skriuwer achteryn de oarspronklike útjefte. Yn de ynlieding en lêzing fertelt Elske Schotanus oer har syktocht nei de ferhalen achter de fingearre nammen, dy fan Van Tuinen syn kampmaten dy't, oars as hysels, de oarloch net oerlibben.
Besjoch en beharkje de lêzing hjirre:
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.