Tin
Arjan Hut
Afûk, 2010
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Tin is de tredde bondel fan Arjan Hut út 2010. It surrealisme út syn earste bondel rekket yn dizze bondel wat mear op de achtergrûn, wat net sizze wol dat sokke eleminten hielendal ferdwûn binne. Dêrmei is der ek yn dizze bondel foar de lêzer in soad romte om dizze poëzy fan in eigen betsjutting te foarsjen, los fan de fraach oft dat de bedoeling is. In foarbyld fan in hiel direkt en maklik nei te kommen gedicht is 'Deadebetinking':
in minút stilte is noch net
yn acht nommen
of de doarbel nimt in tel
it is buorfrou
mei in panne waarm iten
ûnder in teedoek
it is buorfrou
in echte prater (nota bene)
de iennichste op de streek
dy’t de oarloch meimakke
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 10-12-2010 (fraachpetear oer Tin)
Eppie Dam, LC 18-03-2011
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite