Fan glês it brekken
Elske kampen
friese pers boekerij, 2010
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn de poëzij fan dizze debútbondel siket Elske Kampen nei de kwetsberens fan bern, grutte minsken en oantinkens. Se lit har op dy syktocht liede troch de taal, dy't yn har hannen in gefoelich ynstrumint fol meldijen wurdt. 'Even koe ik it rikke sûnder fingers', dat is it foarrjocht dat de taal har jout. LC-kritikus Eppie Dam neamde dizze bondel yn it LC-jieroersjoch 'de iepenbiering fan 2010' en hy stelde dat dizze bondel it bewiis is 'dat goeie ûntagonklike poëzij de geheimfolle wegen wit om yngong te finen by de lêzer.'
Fan glês it brekken is min-ofte-mear tematysk oardere yn fiif skiften. It earste jout poëtikale fersen: oer it dichtsjen sels, oer de ynspiraasje en yn it lêste fers oer de taal, dat einiget mei
... Sy nimt my op en hâldt my heech en
oer har ljochte râne sjoch ik mysels, inkeld omdat sy der is.
Omdat sy wurd nei wurd en sûnder ein der altyd is.
It twadde skift giet oer de bernewrâld mei syn dreamen en eangsten, mei ûnder oare it titelfers fan de bondel. Yn it tredde skift, dat 'Universum ferlern' hjit, skrynt it besef dat heit en mem der net mear binne. Hjir fine wy it prachtige fers 'Grutte man', dat mei allerhanne bylden it burgen-wêzen fan in famke sjen lit. It fers waard earder skreaun foar de Tresoarbondel It heiteleaze bern. 'Mooglik leafde' is it fjirde skift, mei ûnder oare in moai fers oer in mem dy't har folwoeksen soan loslitte moat en har foarstelt hoe't se skylk by him op besite komt:
... Dyn hûs is dêr in
frjemd gebiet, it bêd in boat fier út myn kusten.
In moanneskyltsje adem sil ik fan dyn kessen
stelle foar myn reis werom.
Yn it lêste skift is in oar fers opnommen dat earder al publisearre waard, nammentlik 'Fan de dingen'. Mei de Nederlânske ferzje fan dat fers wûn de dichter op Gedichtedei 2008 in tredde priis by in wedstryd om te dichtsjen oer de dingen.
In jier foar de nominaasje Gysbert Japicxpriis fan 2013 krige Elske Kampen foar dizze bondel de Fedde Schurerpriis, de debútpriis fan de provinsje Fryslân, en ek de Fedde Schurerpublykspriis. De sjuery ornearre dat Elske Kampen op emosjonele wize oer de brekberens fan it libben dichtet, sûnder sentimenteel te wurden. As foarbyld jildt it titelfers, de lêste strofe:
Har ûnbekende heit fan hurd
en glimmend glês, dat beslist
net brekke mei en it bern dat
djipwei wit hoe slim fan glês
it brekken is, moat dêrom tinke.
In tas fol leafdeslieten draacht
it foar him mei.
Oaren oer dizze titel
Fan de dingen, LC 31-01-2008 en LC 01-02-2013
Edwin de Groot, Ensafh 1-10-2010
Eppie Dam, LC 03-12-2010
Cornelis van der Wal, FD 29-01-2011
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Alpita de Jong, 10 Books from Friesland, sept. 2013