De waarmte fan desimber
ferskate auteurs
afûk, 2010

 'De stoarmwyn hoart om hûs en hear, de winter is op kommen...'
Dit is in boek foar de kâldste moannen fan it jier, fol mei winterske ferhalen, gedichten, resepten en ôfwiksele mei wurk fan ferneamde Fryske byldzjende keunstners.
Hermien van der Meer en Gerda van der Wijk sammelen koarte ferhalen, fersen en lieten fan bekende skriuwers en dichters. It wurk stie earder yn sammelbondels, tydskriften en kranten of ferskynde op lûddragers, yn it Frysk en Stellingwerfsk. It boek begjint mei it titelfers De waarmte fan desimber fan Adri de Boer en Giny Bastiaans en beslút mei in tal winterresepten fan Wieke de Haan út har resepteboek De nije Petiele.

Mei bydragen fan de auteurs Adri de Boer, Giny Bastiaans, Hylkje Goïnga, Paulus Akkerman, Atze Bosch, Baukje Wytsma, Johan Veenstra, Eppie Dam, Diet Huber, Durk van der Ploeg, Gryt Witbraad, Froukje Annema, Bruorren Halbertsma, Theun de Vries, Rink van der Velde, Anny de Jong, Jouk, Wibren Altena, Froukje Postma, Tsjits Peanstra, Auck Peanstra, Tiny Mulder, Neeltsje Bonnema. D.A. Tamminga en Wieke de Haan.

Mei wurk fan de byldzjend keunstners Abe Gerlsma, Jan Mankes, Klaas Koopmans, Evert Meilink, Gea Koevoets, Jentsje Popma, Gosse Koopmans, René Tweehuysen, Ids Wiersma, Sierd Geertsma, Jan Kooistra, Doet Boersma, Jan Frearks van der Bij, Wim van der Veer, Dirk Kerst Koopmans, Eddy Sikma, Jopie Huisman, Gerda Hulsinga en Dinie Boogaart.

Boek fan de moanne

Oaren oer dizze titel
Gerbrich van der Meer, FD 2010/2011