eilândochters
wilco berga
afûk, 2010 (2e printinge)

Yn ’e simmer fan 1991 wurdt yn ’e dunen fan Skylge in achttjinjierrige jonge dea fûn. Al gau wurdt dúdlik dat der geweld yn ’t spul wie. Mar fan de dieder gjin spoar.
Tsien jier letter stiet Arend Boomsma, destiids freon fan de jonge, en no wenjend yn Spanje, foar in dilemma. Syn heit, oannimmer op it eilân, is ûnferwachts stoarn. Probleem is dat er de man al tsien jier net mear sjoen hat – net sûnder reden – wylst er ek nochris bedrige wurdt troch de eardere, gewelddiedige partner fan syn Baskyske freondin.
Dochs begjint er oan de reis werom, sawol yn letterlike as figuerlike sin. Dat jildt ek foar twa fan syn susters, dy’t op Malta en yn Frankryk wenje. Eindoel is de begraffenis op it eilân, mei harren mem en noch twa susters.
De earste printige ferskynde yn 2004.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 11-02-2005
Sietse de Vries, LC 11-02-2005 (fraachpetear)
Jetske Bilker, Farsk 48-2005
Gerbrich van der Meer, FD 06-08-2005