Gerben Rypma. De keunstner fan it dûbele krús
eeltsje hettinga
gerben rypma stifting, 2010

Dizze monografy jout in biografyske skets en in oersjoch fan it wurk fan dichter-skilder (1878-1963). Rypma wie in boeresoan út Blauhús, dy't in tige weromlutsen bestean late oan de Aldegeaster Brekken. De auteur fan it boek jout ek in byld fan de Roomsk-Fryske taalbeweging dêr't Rypma en famylje fan sines by belutsen wiene, fan de Fryske literatuer út Rypma syn tiid en fan de sosjaal-ekonomyske omstannichheden.

It boek is rynsk ynllustrearre en biedt in oersjoch fan Rypma syn skilder- en tekenkeunst. It materiaal dêrfoar waard sammele op toochdagen dy't de Gerben Rypma Stifting organisearre yn 2004 en 2007 en dêr't de hûnderten eigners fan Rypma syn fersille skilderwurk har besit sjen litte koene foar registraasje en fotografearje litte. De Gerben Rypma Stifting mear as tsien jier krewearre foar de realisaasje fan dit boek.


Reportaazje Omrop Fryslân fan Annet Huisman K-rûte 24-11-2010. Start op 8:46, ein 15:17.

Reportaaazje troch Bernard Zantman oer Kuiertocht 6-11-2010. Eeltsje Hettinga oan it wurd oer Rypma 3:04 - 4:44

Nei oanlieding fan dizze titel

Elizabeth Vogelzang, LC 8-5-2010
Jan Pieter Dykstra, ferslach boekpresintaasje, Friso 09-11-2010
Ferslach boekpresintaasje, Bolswards Nieuwsblad 10-11-2010
Sietse de Vries, LC 19-11-2010
Yvonne Dykstra, FD 22-01-2011
Ferkeap rint goed, FD 29-1-2011
Johannes van Kammen, De Westereender, febr. 2011
Liskje Flapper yn De Moanne 2011, nr. 6: side 24-25
Jell van der Meulen, Friese literatuersite