De Wuttelhaven del
steven h.p. de jong
friese pers boekerij, 2010 (tredde printinge)

De Wuttelhaven del is in klassyk boek yn de Fryske literatuer. Eeltsje de Vries, in learaar Nederlânsk, rekket tige fan 't sintrum as er sjocht hoe't twa joadske learlingen op syn skoalle slachtoffer wurde fan antysemityske pesterijen. Syn kollega-dosinten fine Sal en Tamar, dy't yn in kastiel yn de Slotmakkersstrjitte wenje, mar lestich en slute leaver de eagen foar de narderij. Eeltsje de Vries wrakselet noch altiten mei it oarlochsferline fan syn ferstoarne âlden. Syn heit wie in mei de besetter kalloborearjende sjoernalist en syn mem stie folslein achter har man. Mar tagelyk wiene it treflike âlden. Steven H.P. de Jong krige yn 1992 de Gysbert Japicxpriis foar it boek. De earste printing ferskynde yn 1989.

Oaren oer De Wuttelhaven del
Anne Wadman, Frysk en Frij part 1, 08-04-1989
Anne Wadman, Frysk en Frij part 2, 15-04-1989
Jan Wybenga, LC 21-04-1989
Jitske Kingma, fraachpetear mei de auteur, FD 29-04-1989
Rients de Boer, FD 06-05-1989
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad, 08-06-1989
Doeke Sijens, Trotwaer, 1989, side 266-269
Bouke Oldenhof, Hjir 1990, nr. 2, s. 24-33
Jan Kroes, fraachpetear by Gysbert Japicxpriis, LC 21-08-1992
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Griene Tsiis op Sirkwy, 28-05-2010
Ynterview fan Henk te Biesebeek yn 1992: