De kjeld fan it noarden
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2010

Alwin Cupido fan It Amelân meunsteret yn it foarjier fan 1826 te Harns oan op de walfiskfarder fan kommandeur Klaas Hoekstra. Net om’t er út is op aventoer. Hy wol oan de wraak fan syn heit ûntkomme en ûntflechtet syn eilân. Oan board wurdt Alwin it helpke fan de kok. Dy simmers sjocht er hoe’t it skip yn it iis fan de Baffin Baai tusken Kanada en Grienlân fynknypt wurdt. Mei de bemanning makket er in barre tocht nei Grienlân, dêr’t er in wrede winter oerlibbet.
De histoaryske roman fan Durk van der Ploeg is basearre op de wier barde reis fan kommandeur Klaas Hoekstra en syn bemanning. Utgongspunt wie it deiboek dat Hoekstra fan de reis byholden hat.

Oaren oer dizze titel
Bonne Stienstra, LC 24-12-2010 
Jetske Bilker, LC 14-1-2011
Fokke Wester, Nieuwsblad van Noord-Oost Friesland 03-01-2011
Yvonne Dijkstra, FD 12-09-2011
André Looijenga, Ensafh 08-10-2011
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Albertina Soepboer, besprek yn De Moanne nr. 7, 2011