De wrâld fan Brolsma
doeke sijens en janneke spoelstra (red.)
friese pers boekerij, 2010

Seis skriuwers beljochtsje yn dizze nije esseebondel ûnderskate aspekten fan Brolsma syn wurk.
Janneke Spoelstra bliuwt tichtby hûs en ûndersiket de rol dy’t Stiens yn it wurk fan Brolsma spilet.
Abe de Vries hat de sosjalistyske boer fûn, dy’t Brolsma syn roman Sate Humalda ynspirearre hat.
Willem Winters analisearret de yngeande beskriuwingskeunst fan Brolsma en fynt dêr in ferrassende filosofyske laach yn.
Eric Hoekstra bûcht him oer de rubryk ‘Gesprekken op de brug’, dy’t Brolsma de jierren troch yn it Ljouwerters skreaun hat.
Piter Boersma lies de swalkersferhalen op ’e nij en fûn dêryn alles wat goed is oan Brolsma syn wurk en wêr’t it minder fan wurdt.
Doeke Sijens ûntduts yn de striejonker, de haadpersoan fan Grûn en Minsken, in selsportret fan de auteur.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, 'Zen en it buorkjen', LC 10-12-2010, part 1 en part 2