De oarloch fan Rink fan der Velde
rink van der velde
friese pers boekerij, 2010
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De Twadde Wrâldoarloch spilet in wichtige rol yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). Ut syn grut oeuvre is in omnibus gearstald mei trije romans dy't mei de oarloch of de ferwurking dêrfan te krijen hawwe: Beafeart nei Saint-Martin (1965), De Ofrekken (1982) en Alde maaie (2000).
Beafeart nei Saint-Martin, no foar it earst útbrocht yn de nije stavering, ferskynde in jier foar Van der Velde syn ferneamde roman De fûke. De haadpersoan, in sjoernalist, giet werom nei Noard-Frankryk, dêr't er yn de Twadde Wrâldoarloch yn in twangarbeiderskamp siet.
Yn De Ofrekken komt de fraach oan de oarder hoe ynteger oft it ferset eins wie yn guon sitewaasjes.
Alde Maaie giet oer in lette wraakaksje nei oanlieding fan in foarfal mei deserteurs by Koarnwertersân yn de maaiedagen fan 1940.
Oaren oer dizze omnibus
Fedde Dijkstra, LC 21-04-2010
Oaren oer Beafeart nei Saint-Martin
Marten Sikkema, LC 05-03-1966
Oaren oer De Ofrekken
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 25-09-1982
IJsbrand van den Berg, Boeklog 02-07-2007
Oaren oer Alde Maaie
Sjoch boekprofyl