Pake Sytse
rink van der velde
friese pers boekerij, 2010

Dit boek jout de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavalier, dy't as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch syn pakesizzer Jehannes. 'Pake wie jong weirekke, sa waard ús letter oansein. De rike Fryske taal stelde ús heit en mem yn steat om de wierheid achter te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.'
Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him nei wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen.
Pake Sytse is nei Feroaring fan lucht it bêstferkochte boek fan Rink van der Velde. It boek ferskynde foar it earst yn 1975. De 6de printing yn 1996 waard troch de skriuwer hjir en dêr bywurke. Yn 2010 wie it petgat by De Feanhoop dêr't van der Velde syn arkje leit it plak fan de opfiering fan it iepenloftspul ûnder deselde namme.

Oaren oer dizze titel
Ferkeapsukses, LC 17-09-1975
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 27-09-1975
Jelle Krol oer de 6de printing, LC 26-07-1996