De oerwinnings fan Tido Houtsma
thys wadman
afûk, 2010

De flapstekst fan dit boek: 'Bern wêze, dat liket sa leuk en sa maklik, mar it falt faak wier net ta. Der is altyd wol wat en Tido hat it der bytiden mar dreech mei. Want de dingen rinne by him gauris hiel oars as dat er earst tocht hie. Op skoalle, mei de bern út 'e klas, of thús, mei syn heit en mem. Of op strjitte, mei syn freonen of as er nei muzykles moat. Meastentiids kin Tido der sels ek neat oan dwaan dat alles oars rint. 'As ik it net dwaan kin sa't it moat, dan doch ik it dochs mar,' seit er dan. En soms slagget dat! Dan is it in oerwinning. Mar ek as it hielendal misrint, dan kinst dat dochs noch wol in oerwinning neame. Ast wolst. Fynt Tido.'

Dizze bondel mei tweintich ferhalen is it literêre debút fan Thys Wadman. In oantal ferhalen skreau er al earder foar publikaasje yn de blêden Switsj en Linkk, de measte binne nij. It boek is ornearre foar bern yn groep 7/8 en foar brêgeklassers, mar sil ek in protte âlderen foldwaan. De skriuwer woe perfoast gjin yllustraasjes yn it boek opnimme. As byldwurk kamen der selsmakke foto’s, moai bewurke troch Gerrit de Jong.

Yn 2012 wie it boek ien fan de fiif nominaasjes foar de Fedde Schurerpriis (oant 2013 de debútpriis fan de Provinsje). Yn 2013 waard oan Wadman foar dit boek de Simke Kloostermanpriis takend. De sjuery joech as karakteristiken: Dit boek is ynlibjend skreaun, it sit ticht op ’e hûd fan bern, it jout in sterke analyze fan ’e wrâld, hat in moaie spanningsopbou en it is skreaun mei gefoel foar humor.

Oaren oer dizze titel
Maria del Grosso, LC 3-9-2010
Sietse de Vries, fraachpetear mei de auteur, LC 10-9-2010 part 1 en part 2
Jant van der Weg yn it FD 4-9-2010, kopy op site It Fryske Berneboek 
Froon Akker (Koos Tiemersma), eigen side 22-11-2013
Tante Tjits, eigen side 04-09-2014