Granytglimkes
Elmar Kuiper
Bornmeer, 2011

Granytglimkes is de tredde Frysktalige bondel fan Elmar Kuiper. Ferdield oer seis skiften mei hast 90 gedichten stelt de dichter alle grutte emoasjes fan it bestean oan 'e oarder, fan de dea fan syn heit oant de leafde ta, skiften dy't elk begjinne mei in sitaat út in popnûmer. Wêr't de poëzy yn syn earste bondels gauris minder tagonklik wie, is dat no oars. Opfallend yn dizze bondel is de oanwêzigens fan in tal proazagedichten. Eppie Dam wie yn syn besprek fan betinken dat der mar wer ris in twadde printinge fan in Fryske bondel komme moast. Hy krige syn sin: yn 2015 kaam it derfan.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Eppie Dam, LC 24-06-2011