Koarte ferhalen en rymkes
henkie fan de polderdyk
eigen behear, 2011

Henkie fan de Polderdyk is de skriuwnamme fan Hendrik Liemburg dy’t berne is op ’e Damslûs tusken Langsweagen en Terwispel. Hendrik is grutwurden yn Terwispel, mar wennet no al wer jierren op ’e klaai. Neidat er út it wurk gie, hat er in boekje skreaun mei koarte ferhalen en rymkes sa as hy dy meimakke hat. It binne ferhalen dy’t yn it deistich libben foarkomme. Der binne ek ferhalen by oer minsken en dingen dy’t er in syn jonge tiid yn syn bertestreek belibbe hat. Nijsgjirrige ferhalen mei in soad fleur der yn, mar ek earnstige stikken komme oan bar. It soe samar kinne dat it foar sommige lêzers werkenber is.
Yn 2013 ferskynde diel II.

Oaren oer dizze titel
Artikel yn De Woudklank 22-03-2012