Simmer oan 'e Pikmar
sjieuwe borger
hispel, 2011

Yn Simmer oan 'e Pikmar docht âld-Grouster Sybren Brouwer, studint yn Grins, fakânsjewurk yn Grou. Hy hopet syn bestean wer fuotten ûnder it gat te jaan, want syn ferkearing yn Grins is útskuord. Yn syn frije oeren stoart Sybren him mei syn freon Ljudger yn it nachtlibben fan Grou. Mar Sybren freget him ôf oft it libben net mear te bieden hat. Dan treft er tafallich Japkje, dy't er noch ken fan syn klasse op de middelskoalle. Sy neamt har no Thérèse en hâldt mei freonen fakânsje op de boat. Op skoalle hie Sybren in soad each foar har, mar dat wie net fan twa kanten. Dat liket no al hiel oars te wêzen: Thérèse hat it mei har freonen net al te al te nei it sin en sy in Sybren sjogge inoar mei gâns oare eagen as op skoalle, of dochs net? En wat fynt Lineke, syn kollega yn de bar, dêr fan? En wat is de rol fan Bartele, de buorman fan Sybren? Fan alle persoanen blykt Ljudger op it lange lêst de meast evenredige figuer te wêzen, want it giet der om wei, dêr oan 'e Pikmar.

Oaren oer dizze titel
Hedwig Terpstra, Ensafh. 16-09-2011 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 16-12-2011
Geart Tigchelaar, Ensafh. 03-02-2012
Jaap Krol, FD 19-05-2012