skoaljonge
hein jaap hilarides
friese pers boekerij, 2011

Jakob Mensonides, de haadpersoan yn dit boek, wurdt dosint op deselde skoalle dêr’t er oait learling wie: it Anton Wachter yn Harns. Swierrichheden mei Moense, ien fan syn learlingen, konfrontearje him mei syn ferline. As er ûntdekt dat de mem fan Moense, Mette Ligthart, syn earste leafde wie, komme der allegear oantinkens op út de tiid dat er sels skoaljonge wie.
Skriuwer Hein Jaap Hilarides brûkte foar de roman de oantinkens oan syn eigen middelbere skoallejierren en de ûnderfinings dy’t er letter as learaar Ingelsk op in skoalle yn Amsterdam opdie. Dat smiet in tal observaasjes oer it ûnderwiis en in ûnbehaachlik stik romantyk op.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 17-06-2011