sammele wurk (2 dielen)
tjitte piebenga
bornmeer, 2011

Tjitte Piebenga (1935-2007) wie in wichtige Fryske modernklassike skriuwer, sawol fan proaza as fan poëzij. Syn wurk hat ek in bûten-literêre betsjutting mei’t hy as earste yn Nederlân de tematyk fan ‘bern fan in foute heit’ nei foaren brocht. Piebenga wie in tige produktyf skriuwer. Behalve it wurk yn boekfoarm levere er tusken 1950 en 2002 mear as seishûndert bydragen oan tydskriften, kranten en blomlêzings. Fierder publisearre er in tal edukative berneboeken, oersettings en gelegenheidsteksten, lykas kabaretlieten en harkspullen.
Fan it proaza is al it yn boekfoarm útjûne literêre wurk yn it diel Sammele wurk Proaza opnaam en fierder de ferhalen dy’t Piebenga nei 1970 skreau en dy't foar in grut part yn literêre tydskriften publisearre waarden.
Syn hiele poëtysk oeuvre is gearbocht yn it diel Sammele wurk Poëzij. Behalve de publisearre fersebondels binne ek de bondels opnommen dy’t Piebenga yn eigen behear útjoech, de fersen dy't yn tydskriften ferskynden én de noch net earder publisearre fersen.
It Sammele wurk is besoarge troch dr. Joke Corporaal, dy't ek in koarte skets jout fan it libben fan Piebenga. De ynlieding op de poëzij is fan Abe de Vries, dy op it proaza fan Hylke Tromp. De útjefte befettet fierder in folsleine bibliografy, in katern mei foto's, in nammeregister en in list fan alle fersen.

It lyk wurdt oantaast, boekprofyl

Oaren oer it Sammele wurk
Josse de Haan op De Moanne 02-09-2014, 24-09-2014 en 17-10-2014