De oarloch fan Durk van der Ploeg
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2011
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Durk van der Ploeg skreau tusken 1988 en 1995 fjouwer romans dy’t hysels de Dongeradielesyklus neamde. Dat binne De jacht (1988), It wrede foarjier (1994), Reis nei de Kalkman (1995) en It lekken oer de spegel (1995). De lêste trije titels binne bondele yn de omnibus De oarloch fan Durk van der Ploeg. Yn de romans stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal. De auteur beskriuwt dêrmei in stik politike en sosjale skiednis út dy perioade. Mar der lizze ek linen mei noch altiten aktuele kwestjes, bygelyks de fraach oft wy mei de Dútsers de Twadde Wrâldoarloch betinke kinne.
It wrede foarjier – In roman oer de lêste oarlochswinter, doe’t Dútsers in ynfal diene op de Hûnepleats te Ealsum. Dêr kamen trije minsken by om it libben, alle trije troch ien kûgel fan Ingelske makkelij. In kûgel dy’t nea ôfgien is... It boek is in persoanlike rekonstruksje fan skuld en skuldich fielen, in heale ieu nei de oarloch beskreaun troch immen dy’t de dea yn ’e eagen sjocht.
Reis nei de Kalkman – Anna Richter is oarlochswiddo. Har man is yn de lêste oarlochsdagen troch Feldwebel Wolfgang Schöde deasketten. Folle letter keapet Günther Ewaldsen, de healbroer fan Schöde, it hûs njonken Anna as twadde wente. De beide buorlju kinne it goed mei-inoar fine. Ta in relaasje kom it lykwols nea om’t Anna dat sjocht as ûntrou oan har fermoarde man. Günther ferskynt letter op in deadebetinking. Nessumers akseptearje dat net en de Dútser wurdt nei in folksgerjocht it doarp útjage.
It lekken oer de spegel – Yn dizze roman beskriuwt de slûswachter Benjamin Hellinga de oantinkens oan syn âldere broer Simon, dy’t in pear dagen foar de befrijing yn april 1945 yn it ferset om it libben kaam. Doe’t it lichem fan de soan thúsbrocht waard hong de heit in lekken oer de spegel en bediek dêrmei syn eigen spegelbyld. Dat wie symboalysk foar de djippe spjalt yn de ferhâldings tusken heit en soan, dy’t net mear goed te meitsjen wie.