Diktatuer fan it frije wurd
trinus riemersma
leeuwarder courant, 2011
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Trinus Riemersma begûn yn 1992 mei it skriuwen fan kollums yn wykblêd Frysk en Frij, dêrnei fan 1997 ôf sa'n fiif jier yn Trotwaer. Doe't er dêr ophâlde, woe de Ljouwerter Krante him graach as kollumnist ha, en sa ferskynden syn kollums fan april 2002 oan syn dea ta yn de LC. Op syn webloch skreau er: 'Myn kollums litte noch wol wat 'literêrs' sjen: de iensidichheid, de oerdriuwing, de mjuks fan feitlikheid en fantsasij. Om dy reden rekkenje ik se ta myn literêr wurk, yn 'e marzje, mar dochs.' En yn ien fan de kollums: 'De kollumskriuwer is gjin preker of politikus, hy is in performer. Feiten en mieningen binne inkeld wichtich as boustiennen fan in literêre fertoaning. De kollumskriuwer moat net beleare, hy moat fermeitsje. Hy moat syn ûnderwerp oanpakke út in ûngewoane ynfalshoeke wei.'
Pieter de Groot en Doeke Sijens makken in karlêzing dy't de krante útjoech as hommaazje oan de ferstoarne skriuwer.
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 15-7-2011