De reüny (In rock ’n roll roman)
freddy scheltema
elikser, 2011

Jacob hat al jierren net mear oan syn jeugd yn Fryslân tocht. Hy wennet yn België en hat it drok genôch mei syn suksesfolle automatisearringsbedriuw. Oant op in dei in brief troch de bus rûgelet oer in reüny fan de band dêr’t Jacob earder yn spile. De inisjatyfnimmers binne syn jeugdleafde, de ûnbegryplike Maria, en twa oare bandleden: Maria har man Jehannes en Jacob syn âlde maat, de toarstige Arnold. Sy wolle de ‘wereldband’ Splitz, dy’t yn har jonge jierren sa’n sukses hie yn Hallum, yn de âldjiersnacht opnij ta libben bringe mei in fantastysk konsert. Jacob hat der earst net folle sin oan. Hy is wrantelich omdat alles blykber al regele is en hy der mei goed fatsoen net mear ûnderút kin. Mar geandewei krijt er de geast en komme de âlde ferhalen fan dy bysûndere tiid wer by him boppe.
Yn dizze debútroman tekenet de skriuwer op humoristyske en sfearfolle wize de opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Yn de oanrin nei it konsert komme glorieuze mominten en fantastyske ûnderfinings boppe. Mar ek skeel en âld sear, leafde en ferlies.

Oaren oer dizze titel