ikader
eeltsje hettinga
gerben rypma stifting, 2012

Yn de bondel Ikader komme de poëtyske kwaliteiten fan Eeltsje Hettinga nei foaren dy’t de folgers fan syn wurk ek út de foarige fjouwer bondels kenne. Bygelyks de rake bylden, asyndetyske keppelingen en in graach brûken fan de typysk Fryske konstruksje ‘en + hjittende foarm’ foar ‘om te’, lykas yn

... famke dat ropt en set
de bile yn it iis dat it fjoer derôf spat?

Opfallend wurdgebrûk heart dêr ek by:

Alle wurden lykje hjir op fleanen,
hear ik yn de neaken’ buorren fan wat libben is
Dea syn inkeldspraak.

In ‘neaken’ buorren’: sa’n nearzich útbuorrentsje mei wat suterige klinten, in byld dat jin tinke lit oan it naturalistysk proaza fan S.K. Feitsma. Yn Akten fan winter út 1998 komt it wurd al twa kear foar It is net belein yn it WFT.

It opnimmen fan byldzjende keunstners yn syn poëzij is ek in bekend middel, hjir fan Breughel en Bosch oant Ensor en Sjoerd de Vries (dy’t ek it omslach makke hat). In part fan de gedichten binne skreaun by keunst fan oaren, literêr of byldzjend, of by oare gelegenheden; se fulle meast de twadde helte fan de bundel, dy’t dêrmei in ferskaat oan ûnderwerpen sjen lit. It wurdt allegear ferantwurde yn in list mei oantekeningen oan de ein. In hichtepunt liket hjir it eligyske ‘Sault St. Marie’ (Kanada), skreaun by it ferstjerren fan in âlde leafde oare kant de oseaan. Fryslân en Amearika binne de poalen fan de dichter syn bestean, in tema dat ek yn earder wurk nei foaren komt.

Sintaal stiet de ôfdieling ‘Ikader’. Yn de foarmjouwing is er apart set, sa’t by Dwingehôf de syklus ‘De lieten fan ferwinnen’ op deselde wize út de katernen kipet. It wurd Ikader, Ik-Ader, ferwiist nei Bas Jan Ader, in Nederlânsk keunstner dy’t de lêste tsien jier fan syn libben yn Los Angeles wenne. Hy makke keunstwurken yn de foarm fan performances, dêr’t er foto’s en filmkes fan opnaam. De swiertekrêft fassinearre him en syn filmkes litte prachtige performances sjen fan it yn earste opslach sa triviale ferskynsel ‘falle’. Yn 1975 waard er wei op de Atlantyske Oseaan dy’t er yn in lyts iepen sylboatsje ek by wize fan performance oerstekke woe. De oerjefte oan de ûnferbidlikheid fan it fallen, it uterste bestean oan te doaren en it Neat ûnder eagen te sjen en der yn ferdwine – dat sprekt út de fersen dy’t Hettinga skreau by it byldwurk fan Ader. Itselde besef komt ek nei foaren yn de ferwizingen nei Paul Celan, de Roemeenske dichter dy’t himsels yn de Seine ferdrinke liet. As tsjinwicht falt de namme Blériot, dy’t it oandoarst om in lyts iepen fleantúchje as earste it Kanaal oer te fleanen, en dy’t net weiwaard.

Shortlist Gysbert Japicxpriis 2013

Oaren oer dizze titel
Eppie Dam, LC 07-12-2012
Abe de Vries, FD 02-03-2013
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Job Degenaar op De Moanne 05-07-2013