Net altyd brandewyn mei rezinen
Reitze beintema
elikser, 2012
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Reitze Beintema jout yn dit boek syn autobiografy. Hy wie boeresoan en groeide op yn de drege tritiger jierren. Yn de oarloch dûkte er ûnder om oan it wurkjen yn Dútsklân te ûntkommen. Hy studearret foar fee-arts en die in protte ûnderfining op yn de praktyk fan syn skoanheit. De wederwaardichheden fan in feearts op it Fryske plattelân komme royaal oan bod. In feearts is neffens de skriuwer benammen in persoan dy’t problemen oplost, altyd hannelet en nea foar saken út de wei giet. Nei tolve jier die er syn praktyk fan de hân en kaam er by Philips-Duphar terjochte, it bedriuw dat him letter de kâns joech op in karriêre yn Australië. Yn ’e mande mei in tal oaren pionearre er by it ûntwikkeljen fan medisinen foar it fee. Syn ûnderfining as feearts kaam him dêr tige by fan pas. Tagelyk mei de Fryske titel ferskynde ek in nederlânske edysje.
Oaren oer dizze titel