wa fertelt de takomst?
corry boelens
kffb, 2012
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn Wa fertelt de takomst? hat haadpersoan Wytske nei har skieding de beide dochters Sandra en Fenna allinnich grutbrocht. No binne dy folwoeksen en ta de doar út. Dat seit net dat Wytske it har no oan tiid dwaan kin. As pedikuere hat se in eigen drokke praktyk. Fierders binne der ek in soad problematyske saken dy’t omtinken freegje. Dêr altyd allinnich mei ompakke is net maklik. Safolle ûnbeantwurde fragen en de takomst liket bytiden ûnwis.
De dochters hawwe har eigen problemen. Fenna kriget gjin bern en dêr hat elkenien yn de neiste famylje it dreech mei. Benammen har mem, mar Sandra ek, dy’t yn in pear jier tiid twa bern kriget. Is der in mooglikheid om har suster te helpen?
Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 12-10-2012
Jaap Krol, FD 26-10-2012