de krêftproef
piter boersma
friese pers boekerij, 2012

Yn De krêftproef draait it ferhaal om de actman Jelle Westerbaan, om it projekt dat er betinkt en om syn freone- en kunderûnte yn de stêd Ljouwens. Haadrollen binne dêrby weilein foar Boersma syn literêre foarbylden en helden Arthur Rimbaud, Daniil Charms, Velimir Chlebnikov, Paul van Ostaijen en Richard Brautigan. Mei harren bringt Jelle Westerbaan, in dochminske, wat ta stân dat eins ûnmooglik liket te wêzen. Troch de fantasyrike, absurdistyske kant fan it boek slút De krêftproef oan by Boersma syn mearke-eftige roman De klûs fan Copmanshurst (2000). Nei de foarm rekkene bout it boek fierder op Boersma syn earder ferskynde titels It libben sels (1997) en It útsjoch (2005). It is opboud út koarte, poëtysk kleure haadstikken.

Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 30-11-2012
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Meindert Reitsma, De Moanne 22-05-2013
Josse de Haan, 'Hûndertfyftich meter de grûn yn' yn: Reedride op glêd iis s.303-311 (2016)