fjouwer dappere mûskes
gerrit terpstra (tekst: eppie dam)
afûk, 2012
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makke in skilderachtich mûzeboek. Hy frege skriuwer Eppie Dam om wurden te jaan oan it ferhaal en sa makken se teagerre dit printeboek, foar beide mannen in debút yn dit subgenre. Se wurken earder ek al tegearre. Yn 1999 ferskynde it filosofyske jongereinboek Dingeman krijt wjukken, dêr’t Eppie Dam de Simke Kloostermanpriis 2001 foar krige. Fjouwer dappere mûskes wie yn 2013 ien fan de fjouwer nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis.
Yn dit printeboek ûndernimme fjouwer dappere mûskes in reis út de fjouwer wynstreken wei. Se wolle fierder sjen as it lân dêr’t se weikomme. It wurdt foar alle fjouwer in drege en gefaarlike tocht. Mar dan op in dei komt it krúspunt fan paden yn ’t sicht. Hoe komt it dan mei mûske Kjeld út it Noarden, Mai Li út it Easten, Zaïd út it Suden en Silke út it Westen?
Fjouwer dappere mûskes op IBBY honourlist 2014
Mear oer dit boek
Projekt op skoallen, Franeker Courant 03-10-2012
Abe de Vries, fraachpetear mei auteurs FD 04-10-2012
Sigrid Kingma, FD 20-10-2012
Ynformaasje oer Projekt
Tante Tjits, eigen site 23-09-2014