it lêste aai
gjalt de groot
bornmeer, 2012

Yn It lêste aai sjocht fjildman Gjalt de Groot werom op wichtige saken yn syn libben: it libben as boer en it libben as aaisiker. Hy beskriuwt hoe’t it wie om bargeboer te wêzen yn Dongeradiel, it lân fan de bouboeren en feehâlders. It is in ferhaal fan de striid om de holle boppe wetter te hâlden, in striid tsjin minsken en sykten. De passy foar it fjild en it aaisykjen makket dat hy de kop derfoar hâldt. Op oansteklike wize fertelt er oer it wûnder fan it aai, de skientme fan it fjild. Hy jout ynsicht yn de rituelen fan in aaisikersklub en hellet mei smaak anekdoates op.

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 08-06-2013