de gouden bân
jeltsje leemburg
elikser, 2012
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
As Pytsje op in dei samar har húshâlding ferlit, komt Wanda yn ’e hûs om foar de beide bern Elly en Martin te soargjen. Al gau slute se har yn it hert. Arjen, het fan de bern, is earst noch wat stúmsk en erchtinkend, mar komt der linkendewei efter dat Wanda in waarm hert hat en wiis en beret har wegen giet. Paulus, in freon fan Arjen, hat Wanda al gau op wearde skatten en wol graach mei har fierder. Mar Wanda draacht in grut geheim, dêr’t se tige mei omtysket. It hat fan gefolgen dat se dejinge dy’t se it leafste hat op ôfstân hâlde moat. It kostet Wanda in protte striid om in wei te finen tusken dat wat har oplein is en dat wêr’t se frij yn wêze mei. Har leauwe jout har dêr krêft by. It boek spilet sa’n tritich jier lyn.
Oaren oer dizze titel