De Belvedêre
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2012
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Age Looxma-Ypeij is yn de neidagen fan syn libben. Hy leit de lêste hân oan syn testamint en makket de balâns op. Syn twaslachtige hâlding foar Helena Mallinckrodt oer spilet dêr in grutte rol yn. Helena wie de eardere selskipsdame fan syn mem Baudina.
Age Looxma-Ypeij libbe fan 1833 oant 1892. As grutgrûnbesitter wie er ien fan de rykste minsken fan syn tiid. Finzen yn in aristokratyske tradysje, waard fan Age ferwachte dat er in wichtige rol spile yn it maatskiplik libben. Mei syn porslein- en muntesamling, it Bosk fan Ypeij en de huzen by Vijversburg hat er nei syn dea Fryslân skatten neilitten. Oer syn libben isnet folle bekend, wat romte jout oan de skriuwer om syn eigen byld op te roppen. De fraach oft der plak wie foar in grutte leafde yn Age syn libben foarmet de waarme en dynamyske ûndertoan fan dizze roman. Mei grut psychologysk ynlibbingsfermogen lit de skriuwer sjen wêrom’t Age Looxma-Ypeij sa yn himsels fertize rekke.
Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 13-04-2012
Jaap Krol, FD 21-04-2012
Henry Baron, Sirkwy 29-10-2012