de seemearmin
albertina soepboer
bornmeer, 2012

In jonge frou, grutwurden op in eilân, wurket as ûndersykster op it ynstitút foar âlde ferhalen. Se hat in passy foar jazzmuzyk, mar yn har libben is de passy fier te sykjen. En it liket wol oft it alle dagen reint. Op in dei krijt se in ferhaal ûnder eagen oer in frou dy’t op in eilân in ienlik bestean liedt yn harmonij mei de natoer en de see. De baas fan it ynstitút wol dat se in boek skriuwt mei ferhalen oer ‘sterke froulju fan de kust’. It slagget har om by it earste ferhaal noch in pear te finen, al moat se dêrfoar werom nei it eilân fan har jeugd. It set har bestean op ’e kop, har leafdeslibben en ek de oantinkens út har bernetiid komme yn in oar ljocht te stean.
De seemearmin is de earste roman fan Albertina Soepboer. Se skreau ek poëzij, lieten, toaniel en skôgingen. De roman is basearre op in pear Fryske folksferhalen en de reizen dy’t de skriuwster makke nei Ierlân en Laplân. Yn De seemearmin spilet de relaasje tusken wa’t wy binne en de ferhalen dy’t wy oer ússels fertelle in grutte rol. Want besteane seemearminnen no echt of is dat allinne mar in ferhaaltsje foar lytse bern?

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei de skriuwster, LC 21-9-2012
Doeke Sijens, LC 21-9-2012
Jaap Krol, FD 27-04-2013