Littenser Merke
Ale S. van Zandbergen
Friese Pers Boekerij, 2013
Yn it Fryske greidhoekedoarp Littens longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar’t de ferlossing komt. Wy skriuwe 1831, dûmny Laurman hat mear each foar de ûntjouwingen yn de tsjerke. Syn tinken giet de kant út fan de frijsinnichheid, mar ûnder it tsjerkefolk broeit wat en krije 'dwepers' hyltyd mear ynfloed, dy't in oare kant út wolle. Mei twa kollega's makket Laurman sels in reis nei Sealterlân yn Dútslân om help de sykjen - it blykt dat dy help net allinne him jildt, mar ek Eeuwkje, al wit er dat sels net.
Mear as in ieu letter, yn 1963, wennet it slachtersjonkje Liuwe Bosgra yn itselde Littens, tichtebij de pasterij, Hy is tige yntelligint mar net altyd like betrutsen op de wrâld fan de oare doarpsjonges, dy't him 'sneue Liuwe' neame. As der in nij famke yn de klasse komt, Sabetheli, fynt er yn har in sielsferwant. Alle jierren komt de merke [kermis] yn Littens. Ien fan de merkelju hat in swak foar Liuwe. De lêzer folget Liuwe en Sabetheli oant 1972, as se yn de fjirde klasse fan it stedsgymnasium yn Ljouwert sitte. It is de tiid fan patchouli en hash smoke, de Stones en Frank Zappa. Op tige fernimstige wize bringt de skriuwer de per haadstik om en om fertelde ferhaallinen fan Eeuwkje en Laurman en fan Liuwe en Sabetheli by elkoar yn in prachtige ûntknoping.
Yn febrewaris 2014 krige de skriuwer foar dizze roman de Rink van der Veldepriis, de priis foar it bêste Fryske boek fan de twa foargeande jierren. Dêrnei krige er yn maaie 2014 ek de Douwe Tammingapriis foar dit boek, de priis foar it bêste Fryske debút fan de ôfrûne jierren (en opfolger fan de ôfskafte Provinsjale Fedde Schurerpriis foar debuten).
Litenser merke wie Boek fan de Moanne yn april 2014
Nominaasje Gysbert Japicxpriis 2015
Shortlist op Sirkwy, 01-06-2015
Artikel op site Letterenfonds, 20-08-2015
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 28-06-2013 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 23-08-2013
Ernst Bruinsma, Hooy & gras 01-09-2015
Meindert Reitsma, De Moanne 20-12-2013
Jaap Krol, FD 11-01-2014
Arjan Hut, FD 25-02-2014 (fraachpetear)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Rink van der Veldepriis
Doeke Sijens, LC 23-05-2014
Sjueryrapport Tammingapriis
Imke Hooijenga, Ensafh 2014, nr 3, s. 38-45
Hedwig Terpstra, Breeduit 20-02-2014 (fraachpetear)
Tekst út 10 books from Holland 2014, website Letterefûns
Henry Baron, WLT nov 2014
Jaap Krol, FD 09-09-2015
De skriuwer oer Littenser Merke
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
Meindert Reitsma oer Littenser Merke
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
Literêre jûn 8 septimber 2015 yn Tresoar
Presintaasje en fraachpetearen: Asing Walthaus.