De gewoanste man
Hidde boersma
Friese Pers Boekerij, 2013
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Ale is foarman fan de strjitmakkers fan de gemeente. Leit der in tegel bryk yn it trotwaar of op in skoalplein, dan meitsje de manlju de saak wer sljocht. Ale is de gewoanste man dy'tst dy mar yntinke kinst: hy is hast mei pinsjoen, yn syn frije tiid mei er graach fiskje en hy en syn Frouk wachtsje op de berte fan har earste bernsbern.
It gesellige libben yn it doarp, de kollega's dêr't jo wol of net in wurdsje mei prate, it wurk dat meastentiids net yn sân hasten dien wurde moat: Ale lit him de kop net gek meitsje. Boersma oer de minsken dy't er beskriuwt: 'Myn personaazjes binne eigensinnige minsken, dy't har eigen gong geane en ûnbefangen libje yn de bûtenwrâld.'
Shortlist Rink van der Veldepriis 2012
Mear oer dizze titel
Geart Tigchelaar, Ensafh 11-11-2011
Doeke Sijens, LC 23-12-2011
Jaap Krol, FD 10-03-2012
Alpita de Jong, 10 Books from Friesland sept. 2013