Learjild, Tantalus II
manuela köster
elikser, 2013

Learjild is diel twa fan de Tantalus-rige. Manuela Köster nimt de lêzer mei yn in wrâld fan misdied, yntriizje, macht en leafde. De gloarjetiid fan it Kartel (diel I) is foarby. De meiwurkers fan de misdiedorganisaasje binne oppakt. De lieders, de bruorren Safout en Sabaan, binne dea. Faida Eldamaty, dochter fan Safout, sit yn ’e sel. De dei fan har rjochtsaak brekt oan en it is plysman Zahi Khayat, har âld-kollega en eardere frijer, dy’t har nei de rjochtbank begeliedt. Hy sit fol wrok tsjin har, omdat se syn broer Maher ombringe litten hat. Betsjut dit de ein fan Fayda har frij libben?

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Meindert Reitsma, Ensafh 22-08-2014