de treastfûgel
Hylke Speerstra
bornmeer, 2013

Yn septimber 2011 ferskynde De treastfûgel as kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boekm in novelle. De skriuwer bewurke it boek yn it Nederlânsk en wreide syn ferhaal út, no’t er net mear bûn wie oan de beheinde omfang fan in kadoboek. Dêrnei makke er dêr wer in útwreide Fryske ferzy fan. Sa kaam der in twadde Fryske edysje, mei twa kear safolle siden.

Yn dizze roman folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding (Hiemstra) stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding (Boorsma) wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân.
De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje, Nanno Hiemstra en Meindert Boorsma, oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer. Speerstra reizge foar dit ferhaal nei noch libjende tsjûgen yn Amearika en Dútslân, en kaam werom mei it hiele ferhaal.

Nanno Hiemstra ferstoarn op 95-jierrige leeftyd, website Hylke Speerstra maaie 2015

Yn de maaitiid fan 2017 ferskynde de Ingelske oersetting The comfort bird, troch Henry Baron.
It oersjoch fan Hylke Speerstra promoasjetoer troch Kanada en de Feriene Steaten yn de simmer fan 2017 stiet hjir.

Oaren oer dizze titel
VPRO boeken 14-02-2013
Kim van Goethem, Geschiedenis24 15-02-2013
Doeke Sijens, LC 01-03-2013, ook op Tzum 05-04-2013
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Gerben de Vries op De Moanne 09-09-2013
Sietse de Vries, LC 28-09-2016 (oer Ingelsktalige útjefte)