Feroaring fan lucht
rink van der velde
tde, 2014 (santjinde printing)
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Ien fan de meast ferneamde romans fan Rink van der Velde is Feroaring fan lucht, oer de Wâldman Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad. Hy is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachster bosken, yn in âld klinte dy't al lang ûnbewenber ferklearre wie. In asosjale húshâlding, sa soe it spultsje tsjintwurdich bestimpele wurde. Durk Snoad libbet meast fan de 'steun' fanwege net te kontrolearje rêchklachten en giet fierder as streuper troch te tiid. En erfklik is er yn opstân tsjin it wettich gesach. Woltinkende en goedmienende minsken besykje der dochs noch in fatsoenlike húshâlding fan te meitsjen en prakkesearje it Snoad-folk nei in hierwente yn Drachten. Dat kin fansels net oars as misbeteare.
De earste printing fan dit boek ferskynde yn 1971 yn de âlde stavering ûnder de titel Foroaring fan lucht. Yn 1990 kaam de 13de printinge út, troch de skriuwer oanpast oan in nije generaasje lêzers. It is ien fan de bêstferkochte Fryske boeken fan alle tiden.
Oaren oer dizze titel
Freark Dam, LC 06-11-1971 (diel 1)
Freark Dam, LC 06-11-1971 (diel 2)
Ab Visser, LC 04-08-1973
Jan Wybenga, LC 08-06-1990
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 13-12-2004 en op eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite