Losse hannen
saakje huisman
TDE, 2014

It puberfamke Tessa hat it thús net nei it sin en se wrakselet mei allegearre problemen. Dêrom giet se faak nei de wat sûnderlinge frou Sjerda. Ek Jeroen, in filosofystudint, tweintich jier âlder en troud, komt dêr geregeld oer de flier. It docht bliken dat er de hannen net fan Tessa ôfhâlde kin en de sitewaasje rint út 'e hân. Tessa is der glêd mei oan, se tinkt dat se yn ferwachting is. Op skoalle giet it ek net goed mei har. Dan grypt Sjerda yn.

De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2000 by Utjouwerij Frysk en Frij.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 07-04-2000
Corry Boelens, FD 12-04-2000
Sjoerd Bottema, Trotwaer jr 6, july 2000, s. 290-292
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 31-08-2000