Nei de klap
trinus riemersma
TDE, 2014 (twadde printing)
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
In ploechje bern swalket troch Frankryk en besiket te oerlibjen. It is in jier of sân nei de klap. Doe binne de huzen fan doarpen en stêden omblaasd en útbaarnd, beammen binne ôfknapt, it gewaaks is deagien. Sûnt is de natoer yn de war. Allinne rêdt in mins it net op yn sa’n wrâld. It blykt dat bern har better steande hâlde as âlderen.
It ferhaal is skreaun troch de eagen fan Ake (eigentlik Auke) út Drachten, dy’t him nei lang omdoarmjen oansletten hat by it ploechje bern ûnder lieding fan Claus, in hont fan in fint. Geandewei it boek kriget de lêzer yn de flashbacks fan Ake in byld fan de foarskiednis. Oan de ein makket Ake him los fan de groep en giet er werom nei hûs, ek al wit er wol dat syn hûs der al lang net mear is.
Nei de klap ferskynde foar it earst yn 1999 by de Koperative Utjowerij. It waard yn de merk set as in roman foar folwoeksenen, ek al leit it perspektyf by in jonge fan fjirtjin. Riemersma seach it boek formeel as in jongereinboek. Yn 2001 ferskynde by De Geus de Nederlânske oersetting troch Jabik Veenbaas: Na de klap.
Oaren oer dizze titel
Koperative Utjouwerij, Nijsbrief nr. 54, 05-02-1999
Jabik Veenbaas, LC 26-02-1999
Babs Gezelle Meerburg, FD 17-03-1999
Teake Oppewal, Trotwaer 1999 nr 3, s. 165-167
Hylke Tromp, Omrop Fryslân 22-04-1999, tekst
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Nederlânsk
Koperative Utjowerij, Nieuwsbrief nr. 54 (vertaling)
Jabik Veenbaas, recensie (vertaling), LC 26-02-1999
Kees ’t Hart, LC 23-11-2001
Coen Peppelenbos, interview, Tzum nr. 16, jan 2002, p. 32-37
Herman Franke, de Volkskrant
Elske Schotanus, jan 2004, op eigen webside