De jacht
durk van der ploeg
tde, 2014 (tredde printing)
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp boppe Dokkum. Geeske Bloemkamp set har mei har soan Former yn 1936 nei wenjen yn har bertedoarp. Former wurdt breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, om't er eigensinnige wegen giet. Polityk fielt er him oanlutsen ta de antimilitaristyske ideeën fan dûmny J.W.B. Cohen. Formers tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy't maatskiplik rûnom mislearret. Hy krijt yn de oarloch as NSB-er dochs de fuotten ûnder it gat. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama.
De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 as de sande roman fan Van der Ploeg. It is de earste fan de fjouwer romans dy't yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije titels ferskynden yn 2011 yn de sammelbondel De oarloch fan Durk van der Ploeg.
Oaren oer dizze titel
Dick Eisma, LC 23-09-1988
Rients de Boer, FD 03-12-1998
Thys van der Veen, skripsje oer û.o. dit boek, Kerst Huisman, LC 28-11-1997